Mercurius hat 'broekje' oan

23 jul 2012 - 12:02

Unbekenden hawwe yn de nacht fan sneon en snein it byld fan Mercurius yn de Ljouwerter binnenstêd in broekje oanlutsen. De fontein mei it byld fan Mercarius waard woansdei wer werompleatst op it Beursplein, neidat it fjouwer jier lyn fuorthelle wie foar it projekt 'Nij Saailân'.

De ôfrûne dagen wie der de nedige krityk te hearren, omdat guon Ljouwerters it net moai fûnen dat it byld mei de achterkant nei de measte fuotgongers en fytsers stiet. Guon fan harren fine it net moai om tsjin de bleate kont fan Mercurius oan te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)