Waadfûns jout 100.000 euro subsydzje oan fjouwer projekten

23 apr 2021 - 15:31

It Waadfûns ferlient subsydzje oan fjouwer projekten yn it Waadgebiet dy't har rjochtsje op it fersterkjen fan netwurken yn lokale mienskippen en it fergrutsjen fan de leefberens. Elk projekt krijt 100.000 euro.

Foto: Waddenfonds

It earste projekt is de ynternasjonale keunstmanifestaasje Hi-Lo Het Grote Noorden, mei eksposysjes en keunstrûten op de Waadeilannen en by de Waadkust del. It projekt Route Friese Waddendelta bestiet út kuier- en fytsrûten troch de Fryske Waaddelta.

Yn it Waddenlaboratorium Bos en Zeespiegelstijging ûndersykje ferskate groepen hoe't natuerwearden de leefomjouwing ferbetterje kinne. En yn in mobile bakkerij yn Pieterburen yn Grinslân kinne bewenners en toeristen bôle bakke.

Megakeunstwurken

Oer twa jier wurde yn it Waadgebiet acht tydlike megakeunstwurken pleatst, as ûnderdiel fan de Landschapstriënnale 2023. De Waadkust is yn dat jier gastregio fan dizze keunst- en lânskipsmanifestaasje. De keunstwurken komme sawol op de eilannen as oan de kust fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân.

It is in inisjatyf fan Stichting Great Wide Open ûnder de titel Hi-Lo 2023 Het Grotere Noorden. Dizze ynternasjonale keunstmanifestaasje wurdt opset yn gearwurking mei lokale partners. De namme ferwiist nei it tij. De keunstwurken, 'Bakens', wurde ien foar ien ûntbleate en moatte in soad besikers lûke. Ek binne der tentoanstellingen, keunst- en audiorûten en presintaasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)