RIVM: Mear as 200 nije besmettingen, fiif Friezen opnaam yn sikehûs

Yn de ôfrûne 24 oeren binne 228 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der ûngefear likefolle as in dei earder. Tongersdei wiene der 223 nije besmettingen. Yn trochsneed binne der de ôfrûne wike alle dagen 222 besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, dêr giet it om 34 besmettingen. Dêrnei folgje De Fryske Marren (26) Súdwest-Fryslân (25).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden fiif nije sikehûsopnamen meld yn ús provinsje. It giet om ynwenners fan de gemeenten Waadhoeke (2), De Fryske Marren, Ljouwert en Weststellingwerf.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 9.292 nije coronagefallen registrearre. Dat binne der goed 300 minder as in dei earder.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.