Freedsmerk oer Haachske bouplannen foar it Noarden: "Leaver net by my yn 'e buert"

23 apr 2021 - 15:01

Yn de Haachske lobby wurdt op 't heden in soad praat oer it Deltaplan foar it Noarden. Doel dêrfan is om ûnder mear de Lelyline oan te lizzen en hûnderttûzenen nije wenten te bouwen. Is dat in goed idee? Dat wie de fraach op de Ljouwerter freedsmerk.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Nou, ik ben hier gekomen voor de rust en de ruimte, dus ik zit er niet op te wachten dat er meer gebouwd wordt", sei immen. Wylst in oar krekt bliid is dat de doarpen sa kâns krije om de leefberens op nivo te hâlden.

Foarstanners wize fierder ek op it wurk dat it opsmyt en op nije kânsen foar lokale wenningsifers, mar oaren binne benaud dat it lânskip der tefolle fan te lijen hat. "Ast eefkes rekkenest, komt der hjir in stêd as Ljouwert by. No, dan leaver net by my yn 'e buert."

"Ik ben er totaal op tegen, ook op die spoorlijn", liet in frou witte. "Het vernielt het hele landschap. Bouwen moet bij de steden en niet in het groen." De poelier makke it net folle út: "As ik om my hinne sjoch, is hjir lân genôch."

De Freedsmerk oer bouplannen foar it Noarden

(Advertinsje)
(Advertinsje)