Stichting teelt fruit en griente foar minima yn gemeente Hearrenfean

23 apr 2021 - 13:48

Yn Nijhoarne binne mear as 1.000 fruitbeammen en -strûken plante dêr't minimahúshâldingen yn de takomst de fruchten fan rispje kinne. It giet om in inisjatyf fan Stichting Sociaal en Vitaal. De organisaasje hat tsien bunder lânbougrûn yn gebrûk krigen om fruit en griente te telen. Studinten en dosinten fan it Nordwin College helpe dêrby.

Sûne tún foar minima

Doel is om húshâldingen dy't it finansjeel dreech ha, te foarsjen fan lokaal, sûn en farsk iten. Sûne produkten binne faak djoerder as net sûn iten, seit Loraine Westerneng, koördinator fan Stichting Sociaal en Vitaal. "Daardoor is het lastiger voor mensen met een smalle beurs om gezond en lokaal te gaan eten. Wij vinden dat daar verandering in moet komen."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De stichting hat in planning makke, sadat der alle kearen wat nijs plante wurdt en se de húshâldingen hieltyd wat oars oanbiede kinne. Fan dizze simmer ôf kinne nei alle gedachten fyftich húshâldingen alle wiken fan farske griente, ierappels en aaien genietsje.

Westerneng soe graach sjen dat it inisjatyf keppele wurdt oan it sosjaal belied fan de gemeente Hearrenfean. Sa soene de minsken dy't it sûne iten krije, better yntegrearje kinne troch te helpen by de wurksumheden of wat oars weromdwaan kinne foar de maatskippij.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar praat mei Loraine Westerneng

Wat is der allegear al yn de grûn set?

(Advertinsje)
(Advertinsje)