Groep minsken dy't corona krije kin hieltyd lytser, mar "we binne der noch net"

De coronasifers fan dizze wike binne dûbeld: oan de iene kant rint it tal besmettingen wer op, neidat it in pear wiken stadichoan nei ûnderen gie. Oan de oare kant is der dizze wike mar ien stjergefal en dat is it leechste sûnt oktober. Der binne ek minder minsken opnaam yn it sikehûs en der is in rekôrtal minsken faksinearre yn Fryslân. Wat sizze de sifers, wêr steane we?
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Troch de faksinaasjes wurdt de groep dy't it firus krije kin hieltyd lytser, seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. Mar dat betsjut neffens har net dat we der al binne. "Se kinne it noch wol krije, mar wurde der net hiel siik fan. En se kinne it firus miskien noch wol trochjaan."
It oantal besmettingen bliuwt wykliks ûngefear gelyk, mar ek dat wol net sizze dat it coronafirus hast ferslein is. "It betsjut dochs dat it firus binnen dy groep noch hurd rûngiet", seit De Graaf. "Yn it sicht fan de haven, sis mar, komme der dochs noch minsken yn it sikehûs. En dat wolst net."
Neffens De Graaf rint it tal coronabesmettingen op it stuit benammen op by de groep minsken tusken de 18 en 30 jier. Dêr stiet foaroer dat it tal besmettingen yn de ferpleech- en fersoargingshuzen en ûnder de 70-plussers ôfnimt.

Ferrommingen te betiid

De ferrommingen fan de coronamaatregels dy't dizze wike bekend makke binne, komme krekt wat te betiid, fynt De Graaf. Se ropt elkenien op om goed de regels yn acht te nimmen en foarsichtich te bliuwen. Dochs begrypt se ek dat der minsken binne dy't harren nocht fan de restriksjes ha.
It faksinearjen rint goed yn Fryslân en de rest fan Nederlân, seit De Graaf. Yn ús provinsje binne der neffens har no sa'n 126.000 prikken set. "Mar we moatte wol nei de 700.000 ta yn Fryslân om in bytsje beskerming te ha. Dêr binne we noch net, mar it giet hiel hurd."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân