Lêste faksinaasjeronde yn fersoargingstehûs: wat hat it oant no ta opsmiten?

Mear as alve wike nei de earste faksinaasjes yn fersoargingstehûzen sit de operaasje der hast op. Fan freed ôf binne sawat alle bewenners faksinearre. Dêrmei lykje de besmettingen fan it coronafirus en de útbraken better ûnder kontrôle te wêzen.
Besjoch de reportaazje
Freed wurde der sa'n 30 minsken faksinearre yn it fersoargingstehûs Saxenoord yn Frjentsjer. It binne de lêste fan tûzenen bewenners fan fersoargingstehûzen. Troch hiel Fryslân binne se yn de ôfrûne 2,5 moanne faksinearre. In meunsterput, dy't foar in part troch de organisaasjes sels en troch de prikteams fan Dokterzorg Friesland útfierd is. En it hat effekt.
Sjoch hjirûnder hoe't it faksin effekt hân hat yn de fersoaringstehûzen:
Hast trije moanne lyn, doe't it faksinearjen begûn, wiene der noch 32 stjergefallen yn ien wike. No binne der yn de lêste twa wike gjin minsken stoarn. Ek it oantal besmettingen is hurd weromrûn. De wike foardat it faksinearjen begûn wiene der noch 139 yn ien wike. Yntusken is it dat weromrûn nei 21 besmettingen ferline wike.
Húsdokter Vincent de Groot, dy't meiwurke yn ien fan de prikteams fan Dokterzorg Friesland, sjocht tefreden werom op in hektyske perioade. "Iets wat ik heb geleerd is flexibiliteit te hebben. Als er bijvoorbeeld een uitbraak was, moest alles omgegooid worden."
Neffens him is alles goed ferrûn. "Het is niet zo eenvoudig als het lijkt voor buitenstaanders. De hele organisatie neemt tijd in beslag, vooral om de selectie van patiënten wie als eerste een prik krijgt. Dat heeft even geduurd. Maar het prikken ging prima."

Gruttere útdaging komt noch

Dat de grutte ûndernimming der no op sit, betsjut net dat der hielendal net mear faksinearre wurdt yn de fersoargingstehûzen. Elke soarchorganisaasje krijt de kommende tiid ek noch nije bewenners yn de hûzen dy't ek faksinearre wurde moatte.
Neffens De Groot stiet him as húsdokter in noch folle gruttere útdaging te wachtsjen: "De grotere populatie is aan de beurt. Dit kost nog veel meer energie dan hiervoor."