Achtkarspelen wol yn tsien jier 1.500 wenten bouwe

23 apr 2021 - 11:34

De gemeenteried fan Achtkarspelen hat tongersdeitejûn in moasje oannaam om de kommende tsien jier 1.500 wenten te bouwen. De moasje koe op in soad stipe rekkenje. Allinnich de PVV-fraksje fûn it plan te ambisjeus en stimde tsjin.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn it wenningbouprogramma oant 2030 hie it kolleezje fan Achtkarspelen de realisaasje fan 648 huzen opnaam. Koälysjepartijen CDA, ChristenUnie en Gemeente Belangen Achtkarspelen fûnen dit mei de VVD oan de meagere kant en kamen dêrom mei de moasje.

Ut de ried wei waard fan ferskate kanten oppere om feart te meitsjen mei de wenningbou. Troch de wenningkrapte yn de gemeente is der aksje nedich, sa klonk it.

Ek holden de fraksjes in pleit om wat te dwaan oan de saneamde kontoerlineblokkades by de doarpen, dy't derfoar soargje dat doarpen oan de rânen net útwreidzje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)