Sintrum Hearrenfean foar goed 40 miljoen euro oanpakt

23 apr 2021 - 10:06

It sintrum fan It Hearrenfean wurdt foar goed 40 miljoen euro oanpakt. It kolleezje hat yntusken in ûntwerp-gebietsdeal fêststeld foar it eastlik part fan it sintrum, dat ynkoarten oan de gemeenteried foarlein wurdt. De fokus leit op nije wenten, mear grien en it kreëarjen fan in feilige omjouwing.

Sintrum Hearrenfean foar goed 40 miljoen euro oanpakt

De sintrumfyzje foar It Hearrenfean waard yn 2019 fêststeld en kaam ta stân mei help fan ynwenners en ûndernimmers yn in G1000-proses, in saneamd boargerbeslút.

Underdiel fan de plannen foar it eastlik part fan it sintrum is de ferhûzing fan supermerk Albert Heijn nei in oare lokaasje, benammen om de befoarrieding makliker en feiliger te meitsjen. Ek wurdt it âld postkantoar ferfongen troch 90 apparteminten, yn gearwurking mei wenningkorporaasje WoonFriesland.

Dêrneist wurdt der in parkeargaraazje oanlein op it Burgemeester Kuperusplein. Op datselde plein en op it Ernst van Harenplein en it Gashouderplein wurdt mear grien pleatst.

Foto: Gemeente Hearrenfean

Yntusken is it wurk oan in oantal oare projekten yn it sintrum al úteinset. De opknapte kaden oan it Breedpaad wurde yn de kommende moannen oplevere. Ferskate stegen wurde oanpakt sadat se better yn ferbining stean mei it sintrum. Fan de Dracht wurdt in bettere winkelstrjitte makke en ek yn it hoarekagebiet mei it Amelius van Oenemapark wurdt ynvestearre.

Kompakt en takomstbestindich sintrum

It sintrum moat dêrmei 'kompakt en takomstbestindich' wurde en foar mear libben soargje. "Mei de projekten dy't op oare plakken yn it sintrum as sichtber binne, is dit in hiele moaie start fan wêr't wy nei ta wolle", seit wethâlder Jelle Zoetendal.

De gemeenteried bepraat ein maaie de organisaasje fan it Programma Centrum Heerenveen, it budzjet en de plannen foar de ûntwikkeling fan it dielgebiet sintrum-east. De plannen wurde de kommende acht jier útwurke en útfierd en kostje yn totaal 44 miljoen euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)