Eintoets bliuwt dilemma foar skoallen: "Dy heisa is behoarlik oerdreaun"

23 apr 2021 - 11:51

It wie in spannende wike foar bern út groep acht fan de basisskoalle. De eintoets dêr't mei bepaald wurdt nei hokker ûnderwiisnivo se aanst trochstreame, soarget elts jier foar in soad stress. Hieltyd mear dosinten twivelje oan it nut fan dy toets. Wêrom wurdt dy dan dochs noch ôfnaam?

Besjoch de reportaazje

Foar de groepachters fan 't Fonnemint yn Sint Anne wie it tiisdeitemoarn safier. Krekt as hast al harren leeftydgenoaten op oare plakken yn Nederlân bûgen sy har twa, trije dagen lang oer de Centrale Eindtoets. Op 't Fonnemint yn Sint Anne koene se mei it nedie selsbetrouwen oan de toets begjinne.

Ut de ranglist dy't Omrop Fryslân earder dizze wike publisearre, docht bliken dat 't Fonnemint it bêst skoard hat fan alle basisskoallen yn Fryslân op de eintoets fan 2018-2019. Wêr leit dit oan? Direkteur Margriet Leeuw seit dat it mar krekt is watfoar groep oft je foar je hawwe. "It iene jier is de oare net, want it jier dêrfoar wiene de útslaggen folle minder. Mar wy sitte wol faak boppe it gemiddelde. Wy stekke dan ek in soad tiid en enerzjy yn de groepachters dy't efterrinne."

Dochs sjocht groep-acht-dosint Koos van Kooten de eintoets net as needsaaklik. Van Kooten: "Wy ha in hiel goed learlingfolchsysteem. In eintoets is dan allinnich in befêstiging fan wat je eins al witte", seit Van Kooten. "De eintoets wurdt brûkt troch de ûnderwiisynspeksje en de media om in lanlik byld te sketsen, mar foar my hoecht dat net."

Troch gebrûk te meitsjen fan de Fryske pleatsingswize hawwe de dosinten op 't Fonnemint neffens Van Kooten in goed byld fan de learlingen. Dy wize is yn in gearwurkingsferbân tusken it primêr en fuortset ûnderwiis.

Mearjierrige ûntwikkeling

Sûnt 2013 wurdt de wizer op alle basisskoallen brûkt. It betsjut dat fan groep seis ôf nei de ûntwikkeling sjoen wurdt fan de learling op ferskate tema's: begripend lêzen, rekkenjen, technysk lêzen en stavering. Sa wurdt it advys foar it ferfolchûnderwiis basearre op in mearjierrige ûntwikkeling fan it bern.

Ek op iepenbiere basisskoalle De Wyken yn Snits stie begjin dizze wike alles yn it ramt fan de eintoets. Boppedat wurdt dêr mear belang hechte oan de oan de toets as yn Sint Anne. De skoalle notearre twa jier lyn nammentlik ien fan de leechste skoares fan Fryslân op de eintoets. Direkteur Monique Beuving is sûnt dy tiid drok dwaande om it nivo op te krikken.

Leararen diene te hurd har bêst

De kommende jierren wol Beuving, dy't sûnt 2019 direkteur is fan De Wyken, de eintoets brûke om de ûntwikkeling fan har skoalle te mjitten. Se brûke de toets as in soarte fan ynterne evaluaasje. "We vonden het daarom ook jammer dat de toets niet doorging vorig jaar door corona", seit Beuving.

Beuving hat de ôfrûne jierren in soad ûndersyk dien om te efterheljen wêr't de skoech wringt op har skoalle. "We hebben geprobeerd om een analyse te maken, hoe het kan dat ons harde werk niet een goede opbrengst geeft." Ien fan de konklúzjes wie dat de learkrêften hiel hurd wurken om alles út te lizzen, wêrtroch't de bern net hurd genôch wurken.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yntusken sjocht Beuving dat de bern it folle better dogge en dat se dit jier ek in heger advys krije foar it ferfolchûnderwiis. "We zijn nog bezig met de analyse. Maar we zien nu al een opvallende verbetering. In het schooljaar 2019-2020 kreeg tien procent een VWO-advies. Een jaar later, in het schooljaar 2020-2021, was dit 36 procent."

"Na de zomer hangt ook niet iedereen in de gordijnen"

No't de eintoetsen makke binne, is it wachtsjen op de útslach. Mar dêr sitte noch wol wat heaken en eagen oan. It Centraal Bureau van de Statistiek makke ferline wike bekend dat it skoaladvys leger útfallen is as jierren dêrfoar. Troch it útfallen fan de eintoets fanwege de coronakrisis koe it advys dat stie net nei boppen bysteld wurde.

Ek dit jier kin in soad thúsûnderwiis ta gefolch hawwe dat de eintoets in leger nivo oanjout as it bern ûnder normale omstannichheden krigen hawwe soe. Al ferwachtet direkteur De Leeuw fan 't Fonnemint dat dat wol tafalle sil. "Nei seis wike simmerfakânsje kelderje bern ek enoarm yn nivo, mar dan wurdt der net metten en hinget ek net elkenien yn de gerdinen oer it nivo. Dy heisa fine wy behoarlik oerdreaun."

"Vertrouwen in onze eigen vaardigheden"

Van Kooten en syn kollega's ha dêr wol wat op betocht. "Wy sjogge mear nei hoe't in bern him of har ûntwikkele yn groep 7. Dan hat corona gjin ynfloed yn it skoaladvys. Ek jouwe we altyd it foardiel fan de twivel."

De Leeuw makket har der net drok om. "Ek al soene de eintoetsútslaggen oars wêze, dan witte wy hoe goed dat de bern it hjirfoar dien ha. Wy reitsje net yn panyk en ha fertrouwen yn ús eigen feardichheden om dy bern goed ôf te leverjen."

De Onderwijsraad stelde foarige wike al dat de eintoets ôfskaft wurde moat. Learlingen soene de skoalsoart fan it fuortset ûnderwiis pas kieze moatte nei in brede brêgeperioade, fan trije jier. De hjoeddeistige betide seleksje liedt neffens de ried ta ûngelikense ûnderwiiskânsen, trochdat learlingen fan ferskillende achtergrûnen net op itselde ûnderwiisnivo telâne komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)