Frou ferwûne by ûngelok
In 65-jierrige frou út Emmeloord is sneintejûn ferwûne rekke, doe't de auto dêr't se yn siet yn Spangea yn botsing kaam mei de auto fan in 49-jierrige man út Skerpenseel.
Dy joech de frou en de 63-jierrige bestjoerder fan de auto gjin foarrang. De frou rûn in seare nekke op en is oerbrocht nei it sikehûs. De beide bestjoerders kamen mei de skrik frij.