Kollum: "Only Fans Uncovered"

23 apr 2021 - 08:13

"Op Videoland is in dokumintêre oer dat OnlyFans. Ik haw der alris earder oer skreaun omdat Ferry Doedens dêrmei yn it nijs kaam, ommers. En omdat ik net nijsgjirrich bin, fierder, woe ik dy doku wol efkes sjen. Dochs haw ik him net hielendal útsjoen, want geandewei de earste ôflevering wie ik der op in bepaald momint wol klear mei.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Yn OnlyFans Uncovered jouwe acht 'creators' in goed byld fan wat se by de ein ha. Se litte bygelyks sjen hoe't it is om seksy foto's en filmkes te meitsjen, mar dêr geane se net allegear like fier yn. Levy fan 24 jier hellet dêr in omset mei fan leafst 65.000 euro yn de moanne! Dochs set er neat online wylst er seks hat mei in oar.

Der is ek in stel dat tegearre 30.000 euro yn 'e moanne fertsjinnet mar sy geane wol stadichoan fierder mei de seksuele hannelingen dy't se ferrjochtsje. Sy sizze dat it hieltyd mear yn 'e buert fan porno komt en dy bylden kinne de fans foar 10 euro yn 'e moanne besjen. De frou fan dit stel hat ek wolris in brûkt slipke foar 300 euro ferkocht oan in fan. En as in spesjale oanbieding sels in kear fiif slipkes foar 1.000 euro, dus de krúsrûkers binne noch net útstoarn.

Der hat ek immen west dy't 800 euro bea op in brûkte tampon mar dat gie har te fier. Wa't ek fier giet, is Marvin fan 31 jier dy't de foto's en seksfilmkes yn syn âlderlik hûs makket. Fan dûsfoto's oant hurde porno, mar hy fertsjinnet der noch mar 800 euro yn 'e moanne mei. Hy makket soms wolris filmkes wylst er seks hat mei mear minsken tagelyk en hat dan ek wolris meardere minsken yn itselde gat, sa't er sels seit.

Eins fûn ik it in bytsje in sneue bedoeling en ik begryp it wol dat er net in soad jild fertsjinnet mei wat er docht. Sels al soe er meardere bosken tulpen yn alle gatten fan syn liif triuwe, dan hie ik der noch net in kwartsje foar oer. Syn mem seit der gjin problemen mei te hawwen, mar hat net heal yn 'e gaten wat er allegear útfynt.

Roos fan 20 jier fertsjinnet sa'n 3.000 euro yn 'e moanne mei har account. Sy wennet ek noch thús en nimt it measte ek op har sliepkeamer op. Har âlden witte der fan mar de mem seit wol dat it har kar net west hie. Roos is begûn mei linzjeryfoto's mar ek sy hat de grinzen ferlein, dêr't benammen har heit net bliid mei is. Dat kin ik my hiel goed yntinke! Ik soe dêr ek net bliid mei wêze as ús bern soks dwaan soene.

Sa'n moai famke dat har liif foar it jild ferkeapet, want dêr komt it wol op del. It liket ek al frij normaal te wêzen om dysels op sa'n wize op 'e merk te bringen en it measte kinst hjoed-de-dei sels dwaan. Filmkes en foto's meitsje en dy uploade is net sa dreech mar de bylden sille altyd online bliuwe. Dochs skynt hjir ferlet fan te wêzen, sjoen nei it jild wat se fertsjinje. Mar hoefolle soene der letter spyt fan krije?

En wa wol yn 'e goedichheid 800 euro foar in brûkte tampon betelje? Ik bin op in bepaald momint ôfheakke, omdat ik it gewoan net begryp en begrutsjen krige mei de minsken dy't harsels oanbiede of dêrfoar betelje. Ik jou myn jild leaver út oan de iennichste echte puere Venz en in farske wite bôle. Dêr genietsje ik gâns mear fan as fan dit OnlyFans."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)