Ried Tytsjerksteradiel lûkt 50.000 euro út foar striid tsjin gaswinning

23 apr 2021 - 07:57

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel stelt it kolleezje in budzjet fan 50.000 euro ta beskikking om fierdere gaswinning yn de gemeente foar te kommen. It Kanadeeske bedriuw Vermilion wol dêr oant 2050 sa'n 11 milard kúb gas út de boaiem helje.

Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer oan de Oude Maden - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Op dit stuit wint Vermilion al gas út in ferskaat oan putten yn en om Burgum yn Tytsjerksteradiel. Vermilion hat no by it ministearje fan Ekonomyske Saken in winningsplan yntsjinne. Tytsjerksteradiel en buorgemeente Achtkarspelen binne dêr poer op tsjin.

Se binne benaud foar fierdere boaiemdelgong en ierdbevings. Dêrneist soene grutte parten fan rioelstelsels net mear wurkje en komt de drinkwetterfoarsjenning yn gefaar om't Vermilion boaiemfrjemde stoffen yn de boaiem stekt mei fracking.

De folsleine rieden fan beide gemeenten hawwe tongersdeitejûn oanpaste gaswinningsplannen fan Vermilion ôfwiisd en moasjes oannaam om de gaswinning tsjin te gean. De 50.000 euro is bedoeld om 'alles te dwaan wat mar mooglik is om de útwreiding fan de gaswinning foar te kommen', op sawol bestjoerlik as juridysk mêd.

"Uiterst onbetrouwbaar bestuur"

It kolleezje fan Tytsjerksteradiel joech foarige moanne al in negatyf advys oer de plannen rjochting it ministearje fan Ekonomyske Saken. De minister nimt binnen twa moannen in beslút oer de oanfraach fan Vermilion, mar sei dy net op foarhân ôf te wizen.

"Het zou getuigen van uiterst onbetrouwbaar bestuur als de gaswinning in Groningen versneld zou worden afgebouwd en in andere provincies versneld zou worden opgebouwd", seit Sjaak Hoekstra, VVD-riedslid yn Tytsjerksteradiel.

De boaiemdelgong troch gaswinning yn Burgum is fan 1974 oan de gong. "Als er hier nog 30 jaar gas wordt opgepompt, dan hebben we hier een grotere bodemdaling dan in Groningen", seit Hoekstra.

Brief

Tongersdei waard út buorgemeente Noardeast-Fryslân wei in brief stjoerd oan ynformateur Herman Tjeenk Willink. Dêryn freget it gemeentebestjoer oft gaswinning ûnder dizze gemeente en it Waad op koarte termyn beëinige wurde kin.

De ried fan Tytsjerksteradiel wol dat har kolleezje ek in brief skriuwt oan Tjeenk Willink dat de gaswinning ûnder Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen in halt taroppen wurde moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)