Oare oanpak grienûnderhâld Ljouwert foar ferbettering natuer

23 apr 2021 - 07:05

De gemeente Ljouwert eksperimintearret mei in oare foarm fan grienûnderhâld. Mean- en snoeiôffal wurdt net mear ôffierd, mar werombrocht yn de natuer om dêr te fergean en te soargjen foar in better bioferskaat. Alde beamstammen wurde rjochtop yn 'e grûn set. Tûken lizze yn bulten byinoar, faak oerdutsen mei grûn. Wetterstreamkes krije frij baan. En sa bart der noch folle mear.

Oare oanpak grienûnderhâld foar ferbettering natûr yn Ljouwert

De bedoeling is om hjirmei de natuer in flinke triuw yn de rêch te jaan, fertelt Geert Draaistra, ynnovatyf ûntwikkelder by de gemeente Ljouwert. Planten en bisten moatte fan de oanpak profitearje. Mar ek soarget de werynrjochting foar in bettere wetteropfang en in sûnere boaiem.

De wurkwize is te sjen oan de râne fan Camminghaburen by de dyk tusken Ljouwert en Hurdegaryp del. Ek lâns de dyk tusken Warten en Grou is in projekt sichtber.

Rekreaasje

Dat de natuer fan de oanpak profitearret, betsjut net dat minsken der net mear komme meie. Just net. Yn de strook by Camminghaburen binne folop mooglikheden om te kuierjen op it 'beleefpad' dat troch it gebiet rint. Ek bern binne frij om der te boartsjen. It projekt is ta stân kaam yn gearwurking mei it wykkomitee. "De buert woe dit graach en is der tige wiis mei", seit Draaistra.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

Jan Wester en Geert Draaistra by de terp yn Camminghaburen - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

In kollega fan Draaistra, Jan Wester, dy't it projekt yn Warten ûnder syn bewâld hat, leit út dat de strook tusken Warten en Grou ynsekten de gelegenheid jout om harren fan gebiet nei gebiet te ferpleatsen. "In bij moat om de 200 meter efkes rêste. Hy stekt dus net grutte stikken lân oer sa as dy bûten Warten lizze. Troch dizze strook fan sa'n 400 meter kinne de bijen, de hommels en de flinters fan ien gebiet nei it oare oerstekke."

Wenne: moai smoar en alles bryk

Wester en Draaistra fertelle dat de wurknimmers dy't it grienûnderhâld dogge wol oan dizze wurkwize wenne moasten. "Guon fine it geweldich en oaren fine it neat", seit Wester. "Minsken wiene wend om alles moai rjocht te meitsjen. Mar hjir hoecht dat net. Ik sei dat sy mar tinke moasten dat sy dit wurk dwaan moatte nei in jûntsje stappen. Moai smoar en alles bryk. Hoe langer se it dogge hoe entûsjaster de measten wurde."

De terp yn Camminghaburen - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(Advertinsje)
(Advertinsje)