Wykoersjoch: tal coronabesmettingen nimt wat ta, mar ien stjergefal ôfrûne wike

23 apr 2021 - 06:00

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, leit wer wat heger as in wike earder. Dizze wike wiene it der 1.505, ferline wike gie it om 1.462 besmettingen. It tal stjergefallen as gefolch fan it coronafirus gie omleech: fan 6 nei 1. It tal nije sikehûsopnamen gie omleech fan 11 nei 8 yn de wike.

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert: it giet om 205 besmettingen. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 188 besmettingen.

Omrekkene measte besmettingen yn Eaststellingwerf

Omrekkene nei it tal ynwenners sjitte de gemeenten Eaststellingwerf en De Fryske Marren derboppeút. Yn gemeente Eaststellingwerf gie it om 353 besmettingen op 100.000 ynwenners. Yn De Fryske Marren waarden 347 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld.

Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. Dat is yn De Fryske Marren, Harns, Eaststellingwerf en Weststellingwerf it gefal yn de ôfrûne wike. As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Mear as 36.000 Friezen ha corona hân

Mei de 1.505 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 37.561 Friezen it coronafirus fêststeld.

It tal stjergefallen gie neffens it RIVM omleech: fan 6 nei 1. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 459. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)