Brânbrief tsjin dielname CDA yn nij kabinet Rutte komt ek út Fryslân wei

22 apr 2021 - 21:45

Brânbrief tsjin dielname CDA yn nij kabinet Rutte komt ek út Fryslân wei

In tweintichtal CDA-ôfdielingen wol net dat it CDA yn in nij kabinet ûnder premier Mark Rutte stapt. In brânbrief oan de top fan de partij is ûndertekene troch ôfdielingen yn Noard-Brabân, Gelderlân, Limburch en de Achterhoek, mar ek út Fryslân wei. It CDA yn Dantumadiel hat witte litten dat sy ien fan de ûndertekeners binne.

Mark Rutte en Wopke Hoekstra - Foto: ANP

De brief lekte fia ThePostOnline út en komt by it CDA yn Heerlen wei, dat hat de fraksje dêr befêstige. De ôfdielingen binne benaud dat it eigen imago te'n koste giet fan in nije gearwurking mei Rutte. "Regeren is voor het CDA haast een tweede natuur geworden, maar het mag niet ten koste gaan van ons eigen verhaal," sa stiet yn de brief. Dielnimming soe boppedat 'ongeloofwaardig' wêze.

De ôfdielingen fine dat ferantwurdlikens ek yn de opposysje naam wurde kin. It CDA stiet lanlik op 15 sitten. Ynformateur Herman Tjeenk Willink is op dit stuit dwaande om te sjen hokker partijen mei-inoar regearje wolle.

Albert van der Ploeg, foarsitter fan it CDA yn Dantumadiel

Trefwurden: 
CDA Mark Rutte
(Advertinsje)
(Advertinsje)