Noardeast-Fryslân: "Meitsje in ein oan gaswinning om de Waadsee hinne"

22 apr 2021 - 21:14

Der moat in ein komme oan gaswinning ûnder de Waadsee en ûnder lân. Dy oprop docht it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Yn in brief oan ynformateur Herman Tjeenk Willink skriuwt it kolleezje dat de skea dy't de winning feroarsaket net langer akseptabel is. De plannen foar winning by Ternaard moatte dan ek fuortendaalks fan tafel, fynt it kolleezje.

Stil protest tsjin gaswinning yn Ternaard - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Der moat, sa fynt it kolleezje, earst goed ynsjoch komme yn de effekten fan de gaswinning en it 'hand aan de kraan'-principe . Dêroer die earder de Twadde Keamer ek al in útspraak. De risiko's binne te grut, sa siet yn de brief. "De gevolgen die deels onomkeerbaar zijn, zijn in ons kwetsbare gebied niet langer acceptabel."

"Oant de lêste drip útwrongen"

It liket der op, sa skriuwt it kolleezje, dat de lytse fjilden oant de lêste drip útwrongen wurde. "Terwijl in Groningen de gaskraan wordt dichtgedraaid (..) wordt bij ons een omgekeerd lijn ingezet." Sy fine it ek net akseptabel dat de konklúzjes út de Grinslanner situaasje noch net laat hawwe ta in beslút hjir ek te op te hâlden mei de winning.

"We weten allemaal wat er gebeurt en gebeurd is in Groningen. Dat schrikbeeld zit er goed in", seit wethâlder Ester Hanemaaijer. "In onze gemeente is laatst nog een aardbeving gemeten. Dat soort taferelen willen wij hier gewoon niet."

Opbringst yn regio

De gemeente Noardeast-Fryslân komt ek mei in útstel: lit de opbringst foar in part yn de regio. Dat kin helpe by de enerzjytransysje, om fan it gas ôf te kommen, en helpe by it fersterkjen fan de leefberens yn it gebiet.

"Op het moment dat de minister zegt ermee door te gaan, dan vinden wij dat er middelen het gebied in moeten vloeien", seit Hanemaaijer. "Ook met terugwerkende kracht voor de gaswinning van de afgelopen jaren."

Earder liet ek de provinsje de ynformateur al witte fûl tsjinstanner te wêzen fan gaswinning ûnder lân en ûnder de Waadsee.

Wethâlder Esther Hanemaaijer

(Advertinsje)
(Advertinsje)