Habtamu de Hoop hâldt maidenspeech yn Keamer: "It wie emosjoneel"

22 apr 2021 - 18:18

It Fryske Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) hat tongersdei syn 'maidenspeech' jûn yn Den Haag. Sa wurdt de earste taspraak fan in parlemintslid yn de Twadde Keamer neamd. De Hoop hie it oer kânsegelikens en spruts ûnder oare oer syn âlden yn Wommels. It nije Keamerlid krige in soad reaksjes op sosjale media en foar him sels wie it in emosjoneel barren.

Foto: ANP

"Ik haw it ferhaal út myn hert ferteld," seit Habtamu de Hoop. "Dat it minsken oansprekt is gewoan moai. Je hawwe der hurd foar wurke. Ik wie net hiel nerveus, want ik hie it goed taret. Mar ik moast wol in drompel oer om soks persoanliks te fertellen. Ik fûn it ek emosjoneel."

Kânsegelikens

De Hoop die syn taspraak yn in debat mei minister Slob fan Underwiis. De speech gie benammen oer kânsegelikens. "Kansengelijkheid komt niet zomaar aanwaaien. We hebben als samenleving en als politiek de verantwoordelijkheid om die te organiseren voor ieder kind," sei De Hoop yn de Keamer.

Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA)

De Hoop waard sels ea as baby te fûnling lein yn Etiopië. Dêr referearre hy oan: "Wie mij op deze wereld heeft gezet, dat is voor mij onbekend. Maar wie mij de liefdevolle opvoeding hebben gegeven waardoor ik vandaag op deze plek kan staan, daar bestaat geen enkele twijfel over."

Ik moast wol in drompel oer om soks persoanliks te fertellen. Ik fûn it ek emosjoneel.

Habtamu de Hoop (PvdA)

Dat De Hoop sa'n persoanlik ferhaal ferteld hat, dat docht er net gau, fertelt hy tsjin Omrop Fryslân. "Miskien is dat wol wat Frysk. Mar it debat gie oer kânsen yn it ûnderwiis en ik wit út eigen ûnderfining dat je ek gewoan in soad gelok hawwe moatte. Je kinne in soad hawwe oan âlden dy't je helpe. Ik haw leave en noflike âlden, dy't my tige holpen hawwe. No is it yn in soad gefallen sa dat je thússituaasje in soad ynfloed hat op wêr't je einigje. Ik fyn dat it oars moat."

De PvdA'er wie mei syn persoanlike ferhaal fertelle wat syn thússituaasje en komôf foar him betsjut hawwe.

"Ontroerend"

Ut syn eigen partij krige De Hoop al in soad reaksjes. Ald-partijlieder Lodewijk Asscher skreau op Twitter: "Ontroerend: de Hoop." De Fryske fraksje fan de PvdA hat witte litten it in 'krachtige, hoopgevende en ontroerende' speech te finen. En De Hoop syn mei-Twadde Keamerlid Attje Kuiken skreau: "Hoop voor de toekomst! Prachtige speech van onze college Habtamu de Hoop over kansengelijkheid." Ald-Keamerlid Jacques Monasch sei: "Mooi. Indrukwekkend. Knap. Gefeliciteerd Habtamu! Mooi om te zien dat jij het volgende Kamerlid uit PvdA Súdwest-Fryslân bent." Monasch wie yn it ferline aktyf foar de PvdA en wennet yn Snits.

Mar ek út oare partijen wei kamen reaksjes. Sa ek fan Sylvana Simons fan BIJ1: "Drie zinnen, en het kippenvel staat op m'n armen en de tranen prikken achter m'n ogen. De maidenspeech fan collega Habtamu de Hoop is prachtig." En fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan FNP Fryslân skreau oer: "De 'Hoop' fan links. Dêr sprekt fierder gjin foarkar út. In protte sukses Habtamu. Dizze binnenkommer stiet as in hûs."

Telefoan ûntplofte

Op sosjale media is de maidenspeech hûnderten kearen dield en it hat tûzenen likes krigen. Dat hat De Hoop oerfallen, seit hy. "Je hâlde sa'n speech, mar dan sitte je noch gewoan yn it debat. In oere letter wie it klear en doe ûntplofte myn telefoan. Dat wie wol hiel bysûnder, dat je der foar de earste kear stean meie en wat persoanliks fertelle meie. Dat minsken dat moai fine, wurdearje ik fansels hiel bot."

(Advertinsje)
(Advertinsje)