Kamera's telle en fotografearje dizze simmer fleanende ynsekten

22 apr 2021 - 17:43

De provinsje set kamera's yn om ynsekten te tellen om dêrmei ynsjoch te krijen yn de stân fan it tal bijen, flinters en oare fleanende ynsekten. It giet om njoggen kamera's dy't ferspraat oer agrarysk gebiet, stêden en natuer yn july en augustus fleanende ynsekten fotografearje.

Foto: Provinsje Fryslân

Fjouwerentweintich oeren deis meitsje de kamera's om de tsien sekonden foto's fan in kleure skerm dêr't de ynsekten op sitte kinne. Se lizze de ynsekten fêst mei software dy't se identifisearje kin op famylje- of soartenivo, dy't se telt en ek de biomassa fan de ynsekten berekkenet.

Deputearre Douwe Hoogland: "It monitoarjen kin ús goed helpe om te sjen oft de maatregels dy't wy treffe foar de ynsekten, bygelyks fan it Natuurpact, ek yn de praktyk goed wurkje." Sa kin better ynspile wurde op wat der nedich is om it oantal en it ferskaat yn soarten op te helpen.

De tellingen dit jier binne in nulmjitting. Kommend jier en it jier dêrnei wurde de kamera's ek yn oare perioades fan it jier brûkt.

Trefwurden: 
natuer ynsektekamera
(Advertinsje)
(Advertinsje)