Bousaakkundige: plan foar 45.000 huzen yn Fryslân is net libbensfetber

22 apr 2021 - 17:27

Neffens wenningbousaakkundige Taco van Hoek fan it Economisch Instituut voor de Bouw is it in kânsleaze missy dat der yn de Noardlike provinsjes hûnderttûzenen hûzen by komme moatte, yn ruil foar in flugge spoarferbining mei de Rânestêd.

Foto: Shutterstock.com (Elitprod)

De noardlike provinsjes wolle mei dit plan it nasjonale wenningtekoart oplosse. De provinsjale fraksje fan de FNP is benaud dat Fryslân sa yn de útferkeap set wurdt. Mar de kâns dat minsken út de Rânestêd massaal nei Fryslân ferhúzje, is nihil, seit Van Hoek. "Mensen verplaatsen zich niet makkelijk over grote afstanden. Mensen vinden het belangrijk waar ze vandaan komen, waar hun familie en vrienden wonen, waar hun kinderen op school zitten. Je ziet in de verhuisbewegingen dat bijna 80 procent van de verhuizende mensen binnen de eigen gemeente verhuist."

"Niet realistisch"

It plan is dus net libbensfetber, tinkt Van Hoek. "Zou je werkelijk 220.000 woningen kunnen bouwen en ze daadwerkelijk kunnen afzetten in deze provincies? Daar is geen markt voor. Het is niet realistisch."

Taco van Hoek fan it Economisch Instituut voor de Bouw

Hy tinkt ek dat it plan foar de wenten yn 't earstoan út it ferlet fan ûnder oare de Lelyline wei komt. "Het plan lijkt meer ingegeven door het feit dat men graag infrastructurele investeringen wil hebben, dan dat het een oplossing is voor de woningnood. Maar als het Centraal Planbureau dit doorrekent denk ik niet dat er een heel glorieuze uitkomst uit zal komen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)