Hiswa warskôget: Lit gasynstallaasje oan board geregeld kontrolearje

22 apr 2021 - 17:01

It drama op in hierboat yn Boalsert fan woansdei komt hurd oan yn de wettersportsektor. Twa minsken kamen op dy boat om it libben, nei alle gedachten troch in koalmonoksidefergiftiging. Wettersportorganisaasje Hiswa makket him dêr al langer drok oer.

Foto: CAMJO Media

"Het gebeurt helaas jaarlijks wel enkele keren", seit Jan Ybema, Fryske regiomanager fan de Hiswa. In soad motorkrusers ha in gasynstallaasje oan board. "Het is belangrijk om die gasinstallatie goed te onderhouden, we adviseren om dat één keer in de drie jaar te laten keuren door een specialistisch bedrijf. Doe dat, want zulke verdrietige zaken zoals in Bolsward moet je echt zien te voorkomen."

Keuring net wetlik ferplichte

Sa'n keuring is net wetlik ferplichte, dat is ek net sa by wenningen of caravans. "Misschien brengt dit het gesprek weer op gang, maar zo'n keuring is niet al te duur. Mijn advies is ook om te zorgen voor een rookmelder met een koolmonoxidemelder aan boord. Ook die is niet al te duur. Koolmonoxide is echt een sluipmoordenaar, dus laat je boot af en toe keuren. De gaskeuringsmeters komen soms schrijnende dingen tegen."

Oer it ûngelok mei de hierboat fan Boalsert kin er net folle sizze. "Het onderzoek is nog gaande, maar ook voor huurboten geldt het advies: zorg voor melders aan boord."

Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei Jan Ybema

(Advertinsje)
(Advertinsje)