Epke Zonderland pleatst him net foar rekstôkfinale EK turnjen

22 apr 2021 - 16:21

Turner Epke Zonderland pleatst him net foar de rekstôkfinale fan it Europeesk kampioenskip turnjen. Hy moast by de earste acht einigje yn de kwalifikaasjes, mar Zonderland einige op it 14e plak. De Nederlânske turner Bart Deurloo stiet wol boppe Epke, mar hellet it mei it 11e plak ek net.

De Lemster makke yn de kwalifikaasje op it kampioenskip yn Switserslân in pear flaterkes en is mei syn skoare fan 13.433 der yntusken wis fan dat hy de finale op snein net helje sil.

De Olympysk kampioen fan 2012 joech earder al oan net hielendal fit te wêzen en gjin hege ferwachtigen te hawwen. Nei ôfrin wie hy dan ek net ûntefreden. "Nei omstannichheden wie it wol goed", seit Zonderland. "De lêste tiid haw ik eins gjin oefeningen draaid. Ik woe myn lichem in bytsje sparje. It is goed in jier lyn dat ik in wedstriid turne haw."

Olympyske Spelen

Zonderland hie net folle bak traind foar it EK. "Ik fûn it skande om no it risiko te nimmen hurd te trainen en dêrnei opbaarnd te wêzen, want ik moat aanst pas prestearje", seit de turner, dy't dêrmei doelt op de Olympyske Spelen yn july. Hy sjocht dit toernoai dêrom mear as in goede training.

"De spanning dy'tst hjir fielst en de sjueryleden dy't hjir steane. Dat is yn de trainingshal net te benei te kommen. Dus dit is in unike kâns. Dy kâns haw ik benut en ik kin no mei in goed gefoel nei hûs, wittende dat ik it heus noch wol kin om op it goede momint te prestearjen", sa seit Zonderland.

Op de Spelen moatte de konkurrinten dus gewoan rekken mei him hâlde. "Ik haw wol betrouwen krigen dat as ik fit bin dat ik de oefening wol oan kin mei alle druk dy't der by komt."

Ferslachjouwer Arjen de Boer praat mei Epke Zonderland

(Advertinsje)
(Advertinsje)