Nije Westermar yn Burgum is Sportakkommodaasje fan it jier 

22 apr 2021 - 15:28

Sporthal de Nije Westermar yn Burgum is tongersdei útroppen ta Sportakkommodaasje fan it jier. De sjuery hie benammen wurdearring foar it sosjale aspekt fan de Hûskeamer as plak dêr't minsken út Burgum en dêrbûten elkoar moetsje kinne.

Jaap van Bruggen (projektlieder fan it nije sportkompleks) en Dirk van der Woude (foarsitter FC Burgum) namen de priis yn ûntfangst. Oare nominearden wienen sportferiening Grol út Groenlo en de tennisferiening fan Berg en Dal.

De ferkiezing is foar de twadde kear organisearre troch sportkoepel NOC*NSF om sportferieningen út te daagjen en te ynspirearjen om har akkommodaasje sa duorsum mooglik te meitsjen.

Yn 2017 baarnde de âlde sporthal ôf, doe is de Nije Westermar boud. Yn oktober 2020 wie de oplevering. Yn it kompleks is plak foar meardere sportklups.

Dirk van der Woude fan FC Burgum, ien fan de brûkers fan de sporthal, is tige grutsk op de titel Sportakkommodaasje fan it jier. "Der hat hiel wat 'bloed, zweet en tranen' yn sitten foar't it safier wie, mar no't it ding der stiet, binne wy tige bliid. En dat jildt foar it hiele sportpark. Wy wiene al bliid mei de nominaasje, wy hiene de winst net ferwachte. It is in moaie beleanning foar al it wurk. En tal fan organisaasjes yn it doarp kinne it brûke."

Wrang

Van der Woude fynt de priis op dit momint ek wol wat wrang, omdat de sporthal noch net ien dei gewoan iepen west hat foar de Burgumer sporters fanwege de coronaregels. "Dit fielt hiel dûbeld. Je winne in fantastyske priis, mar je meie noch net iepen. Alle jonges en famkes dy't hjir traine, wolle hiel graach yn it sportkafee even gesellich neisitte en in drankje dwaan. Wy sitte dêr echt mei smart op te wachtsjen."

Dirk van der Woude fan FC Burgum

Burgum is grutsk op de priis 'bêste sportakkomodaasje fan 2021'

(Advertinsje)
(Advertinsje)