Tal coronabesmettingen nimt wer ta: 248 yn de ôfrûne 24 oeren

22 apr 2021 - 15:19

Yn de ôfrûne 24 oeren binne 248 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne 25 mear as woansdei. Doe wienen it der 223. Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike 215 nije besmettingen deis by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, dêr giet it om 34 besmettingen. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân (30) en Hearrenfean (27).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje meld. It giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen en De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne tongersdei 9.648 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike alle dagen 8.271.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)