HEA! Zlatan reparearret âlde platespilers

22 apr 2021 - 15:08

Syn echte wurk as securityman by grutte shows, festivals en konserten stiet op dit stuit hielendal stil. Reden foar Zlatan Dimeski fan Snits om syn hobby wer op te pakken en der in bedriuwke yn te begjinnen. De passy foar vintage apparatuer siet der al jong yn. Hy reparearret âlde platespilers en oare audiodragers dy't stikken binne. Dêr wurdt hy gelokkich fan en in libben sûnder muzyk bestiet foar him net.

HEA! Zlatan Dimeski

Trefwurden: 
Snits Hea! audio Zlatan Dimeski
(Advertinsje)
(Advertinsje)