Spesjale rûtes litte âldere fytsers feilich 'trochtraapje'

23 Fryske 'Doortraproutes' binne no online beskikber. It binne spesjale fytsrûtes fan sa'n 20 kilometer, oer rommere paden, mei net folle obstakels en relatyf feilige krúspunten. De rûtes moatte âldere fytsers helpe sa lang mooglik feilich fytse te kinnen.
Piet Kaspers mei de trofee © Provinsje Fryslân
Hûnderten âldere fytsers hawwe de rûte de lêste tiid test. De fytsskoalle fan it Fytsersbûn ûntwikkele de rûtes, yn opdracht fan de provinsje.
De 100-jierrige Piet Kaspers fan Skylge krijt in haadrol yn de promoasje: hy waard earder útroppen ta de 'âldste aktive fytser'. Hy krige de byhearrende wikseltrofee, de Gouden Trapper, út hannen fan boargemaster Caroline van de Pol. Dy titel is ûnderdiel fan it nasjonale projekt 'Doortrappen'.
De rûtes stean op www.doortrappen.frl.