Nei in grut feest is de knop om by SC Cambuur: "We wolle mear"

22 apr 2021 - 14:20

In wike nei de offisjele promoasje kin SC Cambuur freed mooglik ek it kampioenskip binnen helje. Dan moat De Graafschap punten lizze litte tsjin Almere City en moat Cambuur winne fan Jong AZ. De Ljouwerters hawwe it feest fan de promoasje goed fierd, mar dizze wike is de knop omgien.

Trainer Henk de Jong

"We wolle mear. It is noch net klear", fertelt trainer Henk de Jong, dy't sprekt fan in 'topwike'. "Mar we moatte no troch. En dat libbet ek yn de spilersgroep. Ik haw tsjin de spilers sein dat dit in moanne wurde kin, dy't se har hiele libben noait wer ferjitte."

Yn de seleksje ûntbrekt noch Jamie Jacobs. Hy is noch altyd blessearre. Opfallend wie dat Robin Maulun al wer fol op meitrainde mei de groep. Dat is rapper as tocht, ek foar De Jong. "Ja, dat giet hiel goed. Robin sit by de seleksje freed. Dêr bin ik wiis mei, want Robin is in fantastyske fuotballer."

Cambuur sil yn deselde opstelling begjinne as de lêste wiken. "Ja, ik lit it stean. We hawwe de lêste fiif wedstriden wûn, dus ik soe gek wêze as ik dat feroarje soe", fertelt de Drachtster.

Oanfierder Erik Schouten ferlinge syn kontrakt mei in jier

By Cambuur hat oanfierder Erik Schouten syn kontrakt lang om let ferlinge mei in jier. Dat hat efkes duorre foardat it safier wie. Schouten: "Het heeft een paar weekjes geduurd, maar dat was niet heel lang hoor. Ik ben hartstikke blij met de verlenging."

De lingte fan it kontrakt is dus mar in jier. Gjin probleem, sa seit Schouten. "Eén jaar is mooi. Zowel de club als ik zijn er blij mee". Ek by de oanfierder libbet it dat Cambuur nei de promoasje op mear jaget. "Ja, we zijn nog niet klaar. En na het feest van afgelopen vrijdag staan we er echt wel weer".

De wedstriid tusken Jong AZ en SC Cambuur begjint freedtejûn om 21.00 oere, mar it ekstra sportprogramma fan Omrop Fryslân is der al om 20.00 oere. Presintator Arjen de Boer ûntfangt âld-Cambuur-spiler René van Rijswijk yn de studio. Fanút it AFAS Stadion yn Alkmaar komt it ferslach fan Geert van Tuinen en Andor Faber. Boppedat is der kontakt mei De Vijverberg, dêr't De Graafschap tsjin Almere City spilet. Dy wedstriid is ek fan belang foar Cambuur.

Calvin Mac-Intosch wie ferline wike ien fan de grutste feestfierders

Calvin Mac-Intosch stie freed by it promoasjefeest foaroan en yn it ynterview dat er joech, like er net al te nochter mear. Mar, it giet no wer goed mei him. "De volgende dag was het wat moeilijker dan normaal, maar ik ben er gewoon", laket de ferdigener fan de Ljouwerters. "Dat we nu naar de Eredivisie gaan is mooi, maar we moeten verder. Als je de titel ook kunt pakken, zou dat fantastisch zijn. Dat zou dan ook de kers op de taart zijn."

De wedstriid fan freed wurdt net spile op it trainingskompleks yn Wijdewormer, dêr't AZ gewoanwei de wedstriden spilet. It AFAS Stadion yn Alkmaar is it toaniel foar it duel. Dat is nijs foar Mac-Intosch: "Oh, is dat zo? Oké. Dat wist ik niet, om heel eerlijk te zijn. Maar, dat is top. Daarvoor hebben we het gedaan", sa beslút Mac-Intosch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)