Tsjerke fan Jellum moat teäter wurde mei jonker Sicke as ynspiraasje

22 apr 2021 - 13:32

Foar de tsjerke fan Jellum binne plannen om dy om te bouwen ta teätertsjerke mei de namme Mammemahûs. Om jild yn te sammeljen is in crowdfundingsaksje opset.

Foto: Omrop Fryslân, Hans Koster

"Het plan is bedacht om de kerk te bewaren, het wordt een theater op een prachtige plek midden in de weilanden", seit Jan Dirk van Ravesteijn.

De namme Mammema ferwiist nei de stins fan Sicke van Dekema (1548-1625). Yn de tsjerke is syn grêf fûn. Syn persoan foarmet de ynspiraasjeboarne foar it teäter. It poadium fan it teäter komt rjocht boppe it grêf fan de jonker.

De tsjerke krijt neist it kultuerpart ek noch in museale funksje mei it ferhaal fan de skiednis fan de jonker. It doel is om nei de simmer it Mammemahûs te iepenjen.

Tal fan fûnsen ha al jild jûn foar de ferbouwing, mar foar it teäterpart is noch 10.000 euro nedich. "Dat geld is bedoeld voor stoelen, licht en geluid. Er is een crowdfundingsactie bezig en die loopt nog twee weken. Als we het niet halen, dan krijgen de donateurs hun geld terug."

Jan Dirk van Ravesteijn

(Advertinsje)
(Advertinsje)