Striid tsjin swalkôffal: "Elk jaar 4 ton afval langs Friese snelwegen"

22 apr 2021 - 12:57

Peuken, blikjes, plestik, glês, mûlkapkes, ferpakkingen fan fastfood, bierdopkes, snoeppapierkes en dizze tongersdeitemoarn sels in folsleine keamerplant mei klút: kinst it sa gek net betinke of it leit wol yn de berm fan de diken yn ús provinsje. Rykswettersteat is dizze dagen dan ek drok dwaande mei de prikstôk om it swalkôffal yn Fryslân op te romjen.

"We ruimen elk jaar ruim 4 ton afval op langs Friese snelwegen"

Rykswettersteat ûndernimt ferskate kearen yn it jier aksje yn de striid tsjin it swalkôffal, seit regiomanager Angela Lolkema: "Als de natuur weer groen wordt, wordt ook het afval weer zichtbaar. Dus in het voorjaar, zoals nu, ruimen we standaard de bermen langs snelwegen op. En helaas merken wij nog niet dat de hoeveelheid afval minder wordt. Wij ruimen in Fryslân per jaar 4 ton zwerfafval langs de wegen op. Daar zit het afval van kliko's op parkeerplekken, die we twee keer per week legen, niet eens bij."

Omtinken foar miljeu

Dochs is der hieltyd faker oandacht foar it miljeu en duorsumens. Hoe kin it dan dat it probleem mei swalkôffal mar bestean bliuwt? "Het heeft te maken met houding en gedrag van automobilisten. Mensen moeten ons helpen onze mooie provincie schoon te houden. Neem je afval mee naar huis of deponeer het op een parkeerplek in één van de kliko's. Als je thuis een sigaret opsteekt, gooi je de peuk toch ook niet middenin de woonkamer weg? En kijk hier, overal peuken..."

Op it earste each wurde de kliko's op parkearplak Mandelân, by de A32 del, goed brûkt. Se sitte aardich fol mei lege jerrycans, blikjes en plestik. Mar yn in straal fan in pear meter deromhinne leit ek hjir wer glês, plestik, peuken en papier.

It binne swarte kliko's, mei in opfallend oranje lid. Se binne fêstset, en ek kin it lid net hiel fier iepen troch in metalen buis dy't der oerhinne set is. "Als het deksel helemaal open kan, zien we dat mensen de bakken gebruiken om kapotte magnetrons of andere kapotte apparatuur te dumpen. Dus daarom kan hij maar een klein stukje open, om te zorgen dat er alleen klein afval in kan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)