Gjin panyk by brân op Koegelwieck nei adekwaat optreden fan bemanning

22 apr 2021 - 12:50

De skrik siet der woansdei goed yn doe't midden op de Waadsee brân útbruts op ien fan de skippen fan Rederij Doeksen. It gie om de sneltsjinst de Koegelwieck nei Skylge. Ien fan de twa motoaren foel stil doe't yn de motor brân ûntstie. Troch saneamd 'selsblusgas' koe slimmer foarkaam wurde.

Foto: ProNews

"Yn ien fan de masinekeamers, oan bakboardside, is brân ûntstien. De bemanningsleden hienen dat gau yn de gaten. Se ha hurd de soerstof tichtdraaid en de brânstoftafier en se ha blusgas talitten yn it systeem", seit direkteur Dirk Spoor fan Rederij Doeksen. "De brân wie frij flot ek wer út. Mar foar de bemanning en foar de passazjiers wie it wol efkes skrikken."

De passazjiers bleaunen hiel rêstich en de bemanning ek. "Dat foel ta, ek omdat de brân gau út wie gelokkich. Der is aksje ûndernaam en kommunisearre nei de passazjiers. Dêrom wie de sitewaasje oan board hiel rêstich." Net ien rekke ferwûne.

Dirk Spoor fan Rederij Doeksen

Foto: ProNews

De helptsjinsten kamen manmachtich nei it skip om de bemanning te assistearjen. De KNRM kaam yn aksje, lykas de brânwacht fan Skylge en Flylân. Foar sokke sitewaasjes midden op see wurdt geregeld traind en no die bliken dat helptsjinsten en bemanning wisten wat se dwaan moasten. "Dêr bin ik grutsk op, dat de systemen wurkje sa't se wurkje moatte. We ha sjoen dat de prosedueres oan board wurkje en dat de bemanning adekwaat optrede koe."

Der wurdt no sjoen nei wat de oarsaak wêze kin, mooglik in lek yn it brânstofsysteem. Yn it skip sitte nagelnije motoaren, dêr soe it net oan lizze kinne. Mei oare skippen kin Doeksen de tsjinstregeling trochsette. "De Tiger fart mear, dus dat kinne we earst goed opfange."

Trefwurden: 
brân motor Doeksen sneltsjinst
(Advertinsje)
(Advertinsje)