Tuchtkommisje sprekt turncoach Gerben Wiersma frij

22 apr 2021 - 12:29

Turncoach Gerben Wiersma is troch de tuchtkommisje fan it Instituut Sportrechtspraak (ISR) frijsprutsen fan beskuldigingen fan it oertrêdzjen fan it Algemien tuchtregelemint 2020. Yn july ferline jier kamen ferhalen nei bûten fan turnsters dy't har fysyk en geastlik mishannele fielden troch harren turncoach. Ferskate coaches, ûnder wa Wiersma, mochten doe net mear oan it wurk.

Foto: OrangePictures

Wiersma, âld-bûnscoach fan de froulju, wie ien fan de coaches tsjin wa't klachten yntsjinne waarden troch (âld-)turnsters. Ferline simmer waarden der ferskate tsjûgeferklearrings ôflein oer fysike en psychyske yntimidaasje troch coaches yn it frouljusturnjen, benammen yn it ferline.

Wiersma luts him ôfrûne maart werom as bûnscoach. "Het raakt me dat er turnsters zijn die in het verleden negatieve ervaringen hebben opgedaan in hun carrière en kennelijk deels bij mij. Daarom wil ik ook op geen enkele wijze voorbijgaan aan hun gevoelens", seit hy yn in reaksje.

"Dat staat voor mij los van de voor mij positieve uitkomst in deze procedure. Ook voor mij was en is dit een heftige periode waar voor mij persoonlijk nu gelukkig een streep onder kan worden gezet, nu is vastgesteld dat er geen sprake is geweest van grensoverschrijdend gedrag."

(Advertinsje)
(Advertinsje)