Oerol 2021 giet dochs net troch: "Dit doet pijn"

It Oerolfestival giet dit jier net troch. Dat hat de organisaasje tongersdei bekend makke. It festival op Skylge stie pland foar 11 oant en mei 20 juny, mar de organisaasje seit it festival net coronaproof organisearje te kinnen. It beslút is naam yn oerlis mei de gemeente Skylge en Veiligheidsregio Fryslân.
Oerol 2021 giet dochs net troch: "Dit doet pijn"
Ein maart sei de organisaasje dat it kulturele festival op Skylge trochgean soe, mar yn ferbân mei it coronafirus wol yn oanpaste foarm: maksimaal 50 taskôgers by de foarstellings en minsken út ferskillende húshâldens moasten oardel meter ôfstân hâlde. De kaarten soene yn maaie yn de ferkeap gean.

Druk op helptsjinsten

It festival is no dus folslein skrast. De druk op de helptsjinsten kin mei Oerol bot oprinne en de organisaasje fynt it dêrom net ferantwurde om it festival te organisearjen.
"Lange tijd waren wij ervan overtuigd dat Oerol 2021 in fysieke vorm door zou kunnen gaan. Veilig voor het eiland, bezoekers, makers en medewerkers, op voorwaarde dat er verbetering in de corona-situatie zou zijn", skriuwt de organisaasje. "We hebben ons tot het uiterste ingespannen en alle mogelijkheden onderzocht waarop Oerol eventueel door zou kunnen gaan. We moeten onder ogen zien dat die opties er niet zijn."

"Dit doet pijn"

It folsleine programma foar it festival dit jier wie al taret en repetysjes wiene al úteinset. "Dit doet pijn, maar het is ook een risico dat genomen is. We begrijpen de teleurstelling bij iedereen die zich hier zó op had verheugd, dat geldt voor onze organisatie net zo."
It beslút komt op it momint dat der ferrommings fan de coronamaatregels oankomme en it faksinearjen flink oanswingele wurdt. "Wij zitten net te vroeg, denk ik", ferklearret algemien direkteur Siart Smit fan Oerol. "We hebben heel lang de verwachting gehad dat het goed zou vallen, maar de cijfers blijven hoog."

Beslút útstelle

Oerol naam it beslút yn gearspraak mei de gemeente Skylge en Veiligheidsregio Fryslân. "Het was een heel open en transparant gesprek, waarbij we hebben gekeken naar mogelijkheden waarop het wel kan of het besluit tot heel laat uit te stellen. Maar dat kan gewoon niet bij zo'n groot festival als Oerol, waar zo veel voorbereiding in zit", seit Smit. "Je moet kijken wat nu de gegevens zijn."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De organisaasje hannelet de makke ôfspraken mei de meiwurkers, makkers, it eilân en besikers ôf en makket dêrnei in plan foar wat der noch wol kin. Nei 29 april komt de organisaasje mei mear dúdlikens. It programma op Het Imaginaire Eiland, de digitale ferzje fan it festival, giet wol troch.

Oerol Laboratorium

Om de artistike ûntwikkeling fan de makkers op it festival net ta stilstân komme te litten, hâldt de organisaasje fan 16 oant en mei 20 juny in saneamd Oerol Laboratorium. Dêrfoar sil ek Het Imaginaire Eiland in grutte rol spylje, sa lit de organisaasje witte.
Algemien direkteur Siart Smit fan Oerol
© ANP
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust frege nei de reaksjes op it eilân
Michel Aaldering fan de VVV