Heechleararen kritysk op stroomkabel troch Skiermûntseach

22 apr 2021 - 11:24

Trije heechleararen hawwe woansdeitejûn op in ynformearjende riedsgearkomste op Skiermûntseach útlein wêrom't de komst fan in stroomkabel troch it eilân en oer it Waad in min idee is. Dy stroomkabel is nedich om de stroom fan in nij, grut wynmûnepark 67 kilometer benoarden fan it eilân nei Eemshaven te krijen.

Leppelbekken op in Waadeilân - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Der wurdt no feitlik nei twa rûtes sjoen foar dy kabel; ien wêrby't in part troch it geulestelsel rint oan de eastkant fan it eilân by de Balg en in oare dy't oer it wantij rint. In wantij is in plak dêr't twa seestreamen by elkoar komme. It wetter is dêr oer it algemien wat ûndjipper en it Waad is dêr it stabylst.

Dy stabiliteit jildt lykwols ek foar in grut part foar úteinen fan de geulen dêr't de kabel trochhinne komme kin. "Juist omdat het daar zo stabiel is, is het Wad daar ook het meest soortenrijk", seit heechlearaar Kustekology Tjisse van der Heide fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG) en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ).

Yn it gebiet lizze ek in soad mokselbanken dy't je net maklik werom krije as dy foar in part of hielendal ferdwine. Datselde jildt ek foar sawol it lyts as grut seegers dat der groeit."

Leppelbekken

En dy mokselbanken soargje derfoar dat in fiif kear sa grut gebiet dêromhinne riker oan oar libben wurdt. Dat is ek goed te sjen oan de gegevens dy't professor en heechlearaar trekekology Theunis Piersma (RUG en NIOZ) oanlevere oer hoe't de leppelbekken fan Skiermûntseach it Waad dêr brûke. Dat is om der fretten te finen, mar net allinnich.

Op it plak dêr't de kabel troch de kwelder by it Grinslanner Hornhuizen oan wâl komt, sammelje de leppelbekken fan Skiermûntseach en de Rottums harren yn augustus en septimber om te ferfearjen foardat sy wer op trek gean nei it suden ta. De fûgels binne dan hiel kwetsber en it betsjut ek dat dit in hiel bysûnder stikje Waad is.

Heechlearaar Tjisse van der Heide

De Balg op de eastpunt fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

Heechlearaar ekology Han Olff oan de RUG wol dêrom dat der nochris sjoen wurdt nei in hiel oare rûte fan de stroomkabel. Hy frege him ôf wêrom't dy net yn it seegat komme kin tusken Skiermûntseach en It Amelân. De kabel soe dan yn Lauwerseach oan wâl komme kinne.

Sawol Natuurmonumenten as de Waadferiening makken fierder dúdlik dat sy ree binne om nei de rjochter te stappen om de komst fan de stroomkabel yn dit gebiet te kearen.

Arjen Kok fan Natuurmonumenten wol dat it ministearje fan Ekonomyske Saken de foet fan it gaspedaal hellet sadat der tiid komt om in bettere oplossing te betinken. In fergunning foar de oanlis fan de kabel soe wolris ûnhelber wêze kinne troch de bysûndere natuerkwaliteiten fan it gebiet.

Om tafel

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach makke dúdlik dat der ek op it eilân soargen binne oer de takomst fan dit tige kwetsbere gebiet. Skiermûntseach en oare Fryske gemeenten hawwe mei de provinsje al oerlis mei de direkteur-generaal fan it ministearje fan Ekonomyske Saken oer de kwestje en wolle ek noch mei de minister sels om tafel.

Der wurdt op dit stuit noch folop ûndersyk dien nei de gefolgen foar de natuer. Op oantrunen fan Van Gent gean de trije heechleararen ek noch om tafel mei it ministearje en Tennet, de behearder dy't ferantwurdlik is foar de oanlis fan de kabels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)