Minister fan Ekonomyske Saken: lytse gasfjilden net samar in skeafergoeding

22 apr 2021 - 11:19

Minister Van 't Wout fan Ekonomyske Saken wiist de plannen foar gaswinning by Burgum net op foarhân ôf, om't Nederlân oerstappe wol op duorsume enerzjy. Dat antwurdet er op keamerfragen oer de plannen fan gaswinbedriuw Vermilion.

Foto: Omrop Fryslân

Nederlân kin noch net sûnder ierdgas, seit de minister. De plannen fan Vermilion sitte noch yn de begjinfaze. De minister moat der noch oer advisearre wurde troch saakkundigen.

Van 't Woud fynt boppedat dat ynwenners fan Tytsjerkesteradiel en omlizzende gemeenten net samar rjocht hawwe op in skeafergoeding. Hy fynt net dat by lytse gasfjilden ek in fermoeden fan bewiis komme moat foar de winning fan gas út lytse fjilden. By de gasfjilden yn Grinslân leit dat oars. Dêr jildt dat der genôch rjochtfeardiging is om't der in hiel soad meldingen binne. Neffens Van 't Woud jildt dat net foar oare parten fan it lân om't de skea hiel oars is.

Der is op foarhân al ferset tsjin de plannen, fan ûnder oare de gemeente Tytsjerksteradiel en de miljeufederaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)