Fries Landbouwmuseum krijt bysûnder keunstwurk fan bakstien

22 apr 2021 - 10:53

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert hat in mitsele muorre mei dêryn ôfbyldingen fan ûnder oare in ko, hynder en baarch krigen. De muorre komt út de eardere lânbouskoalle yn Frjentsjer en is makke troch de Fryske keunstner Nina Baanders-Kessler (1915-2002).

Foto: Fries Landbouwmuseum

It komt net faak foar dat muorrekeunstwurken bewarre bleaun wurde by sloop. De wearde yn it keunstwurk sit yn de konneksje mei it agrarysk ûnderwiis en dat de makster de earste Fryske byldhouster wie.

It mozayk hat figurative foarstellingen fan in laam, baarch, ko, skiep en hynder mei dêrboppe wolken. It mitselwerk fan seis meter lang en twa meter heech hat gjin reliëf.

Yn 2011 is de lânbouskoalle yn Frjentsjer ôfbrutsen. It keunstwurk siet ferskûle achter strûken en wie net goed sichtber. By de sloop erkende men de keunsthistoaryske wearde en bleau it behâlden. By it Landbouwmuseum krijt it in permanint plak.

Nina Baanders-Kessler waard yn Ljouwert berne en folge de Rijksacademie voor Beeldende Kunsten te Amsterdam. Se hie in eigen atelier oan de Eebuurt. Se makke ûnder oare ek in wapenstien foar it Kollumer riedhûs, in wapenstien op de Wurdumerpoartsbrêge yn Ljouwert en in fersetsmonumint yn Makkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)