Definsje hâldt F-35's út foarsoarch oan 'e grûn

22 apr 2021 - 10:45

Definsje hâldt út foarsoarch de F-35's oan de grûn. Mooglik hat opspattend grús by trije fan dizze jachtfleantugen slitaazje feroarsake oan de motor. It grús soe ôfkomstich wêze fan de antysliplaach fan it banestelsel op de Ljouwerter fleanbasis. Definsje ûndersiket no oft dat yndie de oarsaak is. De motorslitaazje is op de fleanbasis yn Ljouwert ûntdutsen by standert ynspeksjes.

De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De loftmacht hat yntusken santjin fan dizze F-35's. Dêrfan stean der njoggen yn Ljouwert en acht yn de Feriene Steaten. Neffens Definsje kinne, bûten de trije skansearre tastellen, de oare tastellen gewoan fleane.

De loftmacht hâldt alle tastellen op fleanbasis Ljouwert lykwols út foarsoarch oan de grûn om mooglike ferfolchskea foar te kommen. Foar safier bekend is Nederlân it iennige lân dat dizze slitaazje oan F-35-motoaren hat. De F-35 hat in swierdere motor as in F-16 en sûget dêrtroch by it taksyen mear grús op. By de F-16 is dizze foarm fan slitaazje net konstatearre.

Dúdlikens fan fabrikant

Neffens fleanbasiskommandant Henk Doorten hat de fleanfeiligens net yn gefaar west: "Bij ieder straaltoestel zie je slijtage. Ook wel door gruis zoals wij nu hebben geconstateerd. We willen nu helder hebben van de fabrikant wat we moeten doen. Of de onderdelen vervangen moeten worden."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei fleanbasiskommandant Henk Doorten

Ek moat gau dúdlik wurde wat de oarsaak is fan de slitaazje, seit Doorten: "De F-16's hebben er geen last van. Die opereren vanaf de andere kant van het vliegveld. We kijken dus ook naar de banen. Of daar zwakke of slechte plekken inzitten." It is dan ek net dúdlik wannear't der wer flein wurdt mei de F-35. Doorten hopet sa gau as mooglik wer tastellen yn de loft te krijen.

Oerlêst

Dy swierdere motor soarget ek foar oerlêst by minsken dy't yn 'e buert wenje fan fleanbasis Ljouwert. Omwenners kleie oer oerlêst en wolle dat der aksje ûndernaam wurdt om dy oerlêst te ferminderjen. Se wolle dat besjoen wurdt oft op in oare wize flein wurde kin.

Ek steateleden fan FNP, PvdA en GrienLinks hawwe noed oer it lûd fan de F-35 en hawwe dêroer fragen steld oan it provinsjebestjoer.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)