Fryslân Werkt! stiet klear om bedriuwen yn dizze tiid te helpen

22 apr 2021 - 10:10

Yn dizze coronatiid siket de organisaasje Fryslân Werkt! antwurd op de fraach: hoe komt it mei it MKB, it midden en lytsbedriuw, nei corona? Dêrfoar hawwe tal fan partijen in plan opsteld.

Foto: Shutterstock

Yn de oerienkomst dy't de partijen tongersdei ûndertekenje, stean trije haadtema's sintraal: krisistsjinstferliening, oplieding en de oanpak fan wurkleazens ûnder jongerein. It giet om de perioade 2021-2022.

"As de stipemaatregels fan it Ryk ôfboud wurde, stiet Fryslân Werkt! klear om wurkleazens foar te kommen," seit Friso Douwstra. Hy is bestjoersfoarsitter fan Fryslân Werkt! en wethâlder yn Ljouwert. "Yn Fryslân Werkt! sitte meardere partijen, lykas oerheden, mar ek sosjale partners en ûnderwiispartijen. Mei elkoar is wurke oan dit nije plan."

"Mei saneamde mobiliteitsteams sjogge we dernei hoe't we bedriuwen helpe kinne mei minsken dy't se yn tsjinst hawwe om dy ek yn tsjinst te hâlden troch se oan it wurk te krijen yn in sektor dêr't op it stuit wol ferlet fan personiel is. Yn in oar projekt wurde minsken bygelyks oplaat ta wurk yn de logistyk en soarch."

Friso Douwstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)