Kollum: "Wierheid"

22 apr 2021 - 08:45

"'Als Iran ooit een bom op Israël gooit moet er op staan 'Made in Amsterdam.' Dat seit Frits Veerman yn de telefyzjedokumintêre 'In de ban van de bom', te finen by de NPO. Veerman is de klokkelûder dy't yn de jierren santich de atoomspionaazje by Stork en URENCO ûntduts. It is in wat suterich beljochte oandiel fan ús lân yn 'e wrâldskiednis, mar yn de dokumintêre fan Frans Bromet wurdt it goed útlein.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Veerman dielde in keamer mei de Pakistaanse atoomgelearde Abdul Kahn, en dy naam geheime dokuminten mei nei hûs, om se te kopiearjen. Op in bepaald momint gie hy op fakânsje nei Pakistan, en kaam nea wer werom. Kahn stie oan 'e woartel fan de kearnyndustry fan Pakistan en harren atoombom, wêrnei't de ynformaasje ek noch eksportearre is nei Noard-Koreä en Iran. En dy krigen doe dus ek kearnwapens, made in Amsterdam.

It stellen fan de ynformaasje soest noch ôfdwaan kinne as in ûngelok. Mar Nederlân bleau dêrnei ek ûnderdielen foar kearnsintrales leverjen, dy't Kahn hjir bestelde. Dat wie wol wat raar. Wat ek raar wie, is dat klokkelieder Veerman noch jierren efterfolge is troch de BVD, in sprekferbod krige en ûntslein waard by Stork. Veerman hold syn mûle net, om't hy wist dat hjir wat tige ferkeard sit. De reden dat dit ferhaal no aktueel is, is dat ferline simmer, dus goed fjirtich jier letter, Veerman rehabilitearre is, fia 'Het Huis voor Klokkenluiders'. Dat hûs is in ferhaal op himsels trouwens, want dêr blieken ek wer AIVD-types yn te sitten.

It libben fan Frits Veerman hat dan fjirtich jier yn it teken stien fan it bewizen dat hy net gek is. Oerheid, geheime tsjinsten en machtige bedriuwen lieten de wierheid ferdwine. Frits Veerman is twa moannen lyn ûnferwachts ferstoarn. Hawar: sjoch dy dokumintêre by 2Doc. It is in peareltsje.

Ik seach dit, wylst ik de podcast 'De Deventer Mediazaak' oan it lústerjen wie. It is makke foar NPO Radio 1 troch Annegriet Wietsma. Sjoen har namme en har diksje tink ik dat sy Fryske woartels hat. Sy is regisseur fan film- en telefyzjedokumintêres, en se woe in ferhaal meitsje oer de Deventer moardsaak. Ernest Louwes hat in straf útsitten foar dizze moard, mar dy woe net yn byld. En doe keas Wietsma foar it medium podcast. Dat wie in goede kar; ek in tip.

Fan 'e wike wie der in rel oer, om't De Volkskrant by in ferhaal oer de podcast Maurice de Hond ôfbylde as de Eeuwige Jood, in karikatuer út nazi-Dútslân fan joaden. Dat wie nochal stom, ek om't it ôflate fan wêr't de podcast einliks oer giet. Nammentlik dat De Hond sûnder ynhâldlike reden ferkundige dat 'de klusjesman', Michaël de Jong, de moardner wie. DNA-ûndersyk soarge derfoar dat bewiisd waard dat De Jong it ûnmooglik dien ha kin. Mar doe hie der al safolle oer yn 'e media west, dat it libben fan ûnskuldige Michaël de Jong feroare yn in hel. Hiele folksstammen, ophitst troch De Hond, sieten efter him oan, ek fysyk.

Annegriet Wietsma praat mei him, en yn de lêste ôflevering hearre we him brekken. Michaël de Jong is kapotmakke troch benammen Maurice de Hond, mar ek troch elkenien dy't blyn efter De Hond oan rûn, fan it brede publyk oant en mei kabaretiers. En oan De Hond liket it allegearre net te kleven; dy kriget foar elk teoryke rom de tiid oan de tafels fan 'e praatprogramma's, oft it no giet om in moardsaak of oer corona. En wer ferdwynt de wierheid.

Ferline wike is in lid fan 'e Twadde Keamer fan D66 nei hûs ta stjoerd, om't hy berjochten mei in wat seksuele knypeach stjoerd hat nei jongemannen dy't mearderjierrich, mar al goed tweintich jier jonger as him, wiene. Stom fan him. Mar ek neat dat Pim Fortuyn litten hat. Dat hy yn wetlike sin neat ferkeard dien hat, blykt út dat der gjin oanjefte fan wat dan ek mar tsjin him dien is. Mar dat hoegde ek net: in folksgerjocht en wat ûnferifiearre artikels ha derfoar soarge dat hy no syn wurk yn 'e Twadde Keamer kwyt is, syn âlde baan net werom krije kin en dat hy syn eigen hûs net mear yn kin fanwegen earnstige bedrigingen. It hat der in soad fan dat dit polityk motivearre is.

Ik winskje dat elkenien dy't ferfelend benadere wurdt in plak fynt om ferhaal te dwaan. Mar no wurdt it âld-Keamerlid fan alles yn 'e skuon skood, en it is in lynchpartij. Selsbeneame pedojagers dy't selsberjochtsje, net hindere troch feiten, yn in mediakrasy, der't elkenien him op sosjale media alles permittearret. Syn libben is feroare yn in hel. Foar hoelang ferdwynt hjir no de wierheid."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)