Provinsjale partijen ferdield oer bêste oanpak greidefûgelbelied

22 apr 2021 - 08:30

De partijen yn Provinsjale Steaten binne ferdield oer de oanpak fan it tebekrinnende tal greidefûgels yn Fryslân. Alle partijen wolle har wol ynspanne foar de skries en oare greidefûgels, mar der is ferskil fan miening oer de bêste strategy. It CDA wol predaasje tsjingean en briedmasines ynsette, wylst de Partij voor de Dieren mear heil sjocht yn it ferbetterjen fan it leefgebiet fan de fûgels.

Jonge skries yn it fjild - Foto: Omrop Fryslân

De partijen binne it wol iens oer de doelstelling: it oantal skriezepearkes moat de kommende jierren tanimme ta op syn minst 10.000. De ôfrûne jierren is it tal briedpearkes tebekrûn nei 6.700. Wichtichste oarsaak dêrfoar is neffens de Partij voor de Dieren de yntinsivearring fan de lânbou. "Die zorgt voor een tekort aan leefgebied voor de weidevogels", leit fraksjefoarsitter Menno Brouwer út.

Geskiktere biotoapen

It ferleegjen fan it grûnwetterpeil, yntinsyf bedongje, te folle en te betiid meane en it ôfnimmen fan it bioferskaat, wêrtroch't der te min iten is foar de fûgels. It binne allegear ûnderdielen fan yntinsive lânbou dy't it de greidefûgel dreech meitsje.

Dêrneist soene strakke greiden mei bygelyks Ingelsk raaigers net oantreklik wêze foar de bistjes. It fûgeltsjeslân dat der yn Fryslân wol is, soe wer te bot fersnipele wêze. De fûgels hawwe dus gruttere, geskikte biotopen nedich, fynt de Partij voor de Dieren.

Predaasje

It CDA wiist lykwols in oare skuldige oan. De fraksje sei woansdei yn de Steaten dat de measte pykjes - sa'n 70 persint - opfretten wurde troch rôfbisten. It CDA en ek de PvdA wolle predatoaren bejeie om de greidefûgels mear kâns te jaan.

Mar neffens Brouwer is dat allinnich mar symptoombestriding. Predaasje soe net it grutte probleem wêze, want dy hat der altyd al west. "Partijen kiezen voor de verkeerde weg door eerst maar te gaan schieten en vervolgens te kijken hoe we het landschap gaan verbeteren."

Dêrneist stiet besteande wet- en regeljouwing net ta dat de jacht op rôfbisten as de foks samar opfierd wurdt. Ek de oanlis fan diken en wengebieten soarget derfoar dat greidefûgelgebiet ferlern giet. Der moat neffens Brouwer dêrom krûdryk gerslân komme, dat minder yntinsyf bebuorke wurdt, of plasdras, want dêr komme fûgels wol graach.

Briedmasines

It CDA kaam mei in foarstel om skrieze-aaien út te brieden mei in briedmasine, om sa de fûgelstân op koarte termyn te ferbetterjen. Ek oer dy mooglike oplossing is de Partij voor de Dieren net entûsjast. "Dat is in onder andere Duitsland en Engeland al meerdere malen geprobeerd, maar dat is faliekant mislukt. Als weidevogels uit de broedmachine komen en na enige tijd worden uitgezet, dan blijken ze nauwelijks overlevingskans te hebben, omdat ze nooit de kans hebben gehad om in de vrije natuur te leven."

Ferskate opfettings dus oer de oanpak fan it tebekrinnen fan de greidefûgelstân. Provinsjale Steaten stimme takom wike oer it nije greidefûgelbelied en ek oer de CDA-moasje om briedmasines yn te setten.

Fraksjefoarsitter Menno Brouwer fan Partij voor de Dieren

(Advertinsje)
(Advertinsje)