Skiermûntseagers kinne meiprate oer takomst fûgels Westerplas

22 apr 2021 - 07:21

De ynwenners fan Skiermûntseach kinne de kommende tiid meiprate oer de takomst fan de Westerplas. Yn 2021 en 2022 wurdt op Skiermûntseach yn it ramt fan it projekt Wij&Wadvogels wurke oan mear bried- en rêstromte foar de waadfûgels op it eilân.

Strânljippen oan de Waadkust - Foto: Remco de Vries

Partijen as Natuurmonumenten, Vogelbescherming Nederland, gemeente Skiermûntseach, Nationaal Park Schiermonnikoog, Wetterskip Fryslân, provinsje Fryslân en Rykswettersteat hawwe de hannen gearslein foar it projekt en erkenne dat de fûgels it dreech ha. "Wij willen ook in de toekomst van deze prachtige soorten kunnen genieten", seit ekolooch Erik Jansen.

Op twa plakken komt der mear briedromte: De Westerplas en it stikje tusken de jachthaven en de feardaam. Fûgels komme dêr om út te rêsten as it heechwetter is, leit Cynthia Borras út. Sy is boskwachter fan Natuurmonumenten op Skiermûntseach. "Als die plekken er niet zijn dan verliezen ze alle energie en uiteindelijk gaan ze dood."

Meitinke

De partijen wolle graach dat minsken meitinke kinne oer it proses. De kommende tiid binne der foar de eilanners en besikers ferskate mooglikheden om dat te dwaan. De organisaasje is tige benijd nei de ideeën, sa seit ek Borras. "Wij kunnen heel veel leren van bezoekers, vogelaars en bewoners van Schiermonnikoog. Hoe zij het gebied ervaren en wat ze zien gebeuren."

Doel is om mei syn allen in oplossing te betinken om it gebied te ferbetterjen foar fûgels. "Wij willen in ieder geval de plekken waar de vogels graag broeden en rusten, veiligstellen, maar tegelijkertijd wel toegankelijk maken voor mensen zodat je van die plekken wel kunt genieten", beslút Borras.

Cynthia Borras, boskwachter op Skiermûntseach

(Advertinsje)
(Advertinsje)