Soad stipe foar 'Schaaf Blijft in Beweging' op ynsprekjûn gemeenteried

22 apr 2021 - 06:46

In tritichtal ynsprekkers, ynwenners fan Ljouwert, ûndernimmers, artysten en belutsenen hie woansdeitejûn in grutte foarkar foar it plan 'Schaaf Blijft in Beweging' by de presintaasje fan de trije plannen foar Zalen Schaaf yn Ljouwert oan de gemeenteried.

Soad stipe foar 'Schaaf Blijft in Beweging' op ynsprekjûn gemeenteried

Mei dat plan wurdt neffens harren it karakter fan Zalen Schaaf it bêste bewarre en komt der libben yn kultureel Ljouwert. Bobby Veenstra fan 'Schaaf Blijft in Beweging' kaam noch mei in nije ûntwikkeling dy't soargen oer oerlêst fan guon buertbewenners fuortnimme kin. De hiele yn- en útgong fan it gebou ferhûzet yn harren plan fan de Breedstraat nei de Voorstreek.

"Breedstraat ontlast"

"Wij hebben het recht van eerste koop en een intentieverklaring gekregen om het pand van Lammert de Vries te kopen", sa lei Veenstra út. "Op het moment dat wij de financiering rondkrijgen, verplaatsen wij de hele in- en uitgang, waardoor de Breedstraat in zijn geheel wordt ontlast. De straat wordt nog steeds opgewaardeerd, net als de Voorstreek."

De plannen waarden woansdeitejûn bepraat yn de gemeenteried

Foto: Google Streetview

Speelmanskwartier

Tsjinstanners fan dat plan wiene der ek. Guon buertbewenners stean achter it plan 'Herontwikkeling Speelmanskwartier' fan projektûntwikkelder Turfmarkt BV. Dy wol apparteminten oanlizze yn it gebou en allinnich de grutte seal behâlde.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hie dêr earder al de foarkar foar útsprutsen, neidat dy de heechste wurdearring krigen hie fan de sjuery en seleksjekommisje. De riedspartijen binne oant no ta ferdield oer de plannen.

Plan te let yntsjinne

De FNP lei foarige wike in bom ûnder it plan fan Turfmarkt BV om't it te let yntsjinne wie. It kolleezje fûn lykwols dat dat plan wol meidwaan kin yn de ynskriuwing. Bobby Veenstra fan 'Schaaf Blijft in Beweging' sei in koart pleit net út te sluten.

Op 17 maaie komt der in debat oer de takomst fan Zalen Schaaf yn de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)