Gemeenteried Harns wol gjin laam mar liuw wêze yn Empatec-kwestje

21 apr 2021 - 22:55

De gemeenteried fan Harns is frustrearre oer de gong fan saken om de sosjale wurkfoarsjenning Empatec hinne. De ried wie woansdeitejûn teset oer it koersdokumint fan it bedriuw dat omfoarmet nei in wurk-learbedriuw. De gemeenten dy't yn Empatec partisipearje, moatte ynstimme (of net) mei dit koersdokumint.

Foto: Empatec

Fjouwer partijen (CDA, VVD, Hoop en ChristenUnie) hawwe op dit foarstel in amendemint yntsjinne, dêr't se yn freegje om mear ynfloed en ynsicht yn de businesscase fan it bedriuw. Se fine de finansjele kaders en ek oare saken yn it ferhaal fan Empatec net dúdlik genôch en wolle mear gryp krije op it ferrin fan it proses. Ek stelle se foar dat der besunige wurde moat by it bedriuw.

Empatec is in sosjaal wurkbedriuw mei 1.100 wurknimmers. Fjouwer gemeenten partisipearje yn it bedriuw: Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Waadhoeke en Harns.

Wethâlder Paul Schoute rette it amendemint ôf, omdat it neffens him saken binne dy't net útfierber binne. Hy hat wol begryp foar de frustraasjes fan de riedsleden oer de gong fan saken en it ûntrochsichtlike proses. Hy begrypt ek dat der net folle fertrouwen is yn it 'konstrukt' fan Empatec.

De PvdA-fraksje slút him oan by de wethâlder en stipe it amendemint net, omdat dat neffens har gjin doel hat en je net de yllúzje wekke moatte dat der dan wol mear ynfloed komt. Mar ek dy partij is frustrearre oer it proses. Oare partijen fine lykwols dat je de kar hawwe om je as ried as laam of as liuw op te stellen. Se sjogge it as in sinjaal dat se it sa net wolle.

Uteinlik stimde de mearderheid foar it koersdokumint ynklusyf it amendemint. Gjin laam dus, mar in liuw sûnder tosken, sa fielt de ried fan Harns him yn it dossier Empatec. Earder giene de oare Empatec-gemeenten ek al akkoart, mar mei de nedige kanttekeningen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)