Wyldbehearders sette drone yn om reekealtsjes te beskermjen tsjin meanmasinen

21 apr 2021 - 22:36

De wyldbehearders fan WBE It Bûtenfjild sille dizze maitiid by Wâlterswâld it fjild yn mei in drone dy't waarmte sjen kin. Sa hoopje se reekealtsjes te finen dy't oars yn de meanmasinen fan boeren reitsje kinne, omdat de jonge bisten ferstoppe sitte yn it hege gers.

Jan Tsjerk Dijkstra en Jasper Zwarts - Foto: Omrop Fryslân

De organisaasje beheart in gebiet fan 15.000 bunder. Se ha de drone foar in pear moannen yn brûklien krigen fan boubedriuw Dijkstra Draisma, fertelt wyldbehearder Sape Dijkstra fan WBE It Bûtenfjild. "It wie foar ús in te kostbere oangelegenheid om 'm sels oan te skaffen." De drones wurde yn de bou brûkt om bouwurken te ynspektearjen. Ditsoarte drones wurde ek wol brûkt by it greidefûgelbehear.

It probleem by reekealtsjes is dat se net fuortrinne foar de grutte meanmasinen, mar har ferskûlje. "As se wat hearre, drukke se har stiif tsjin de grûn, wêrtroch't se noch folle minder te finen binne en hast ûnsichtber binne fanút de trekker. Dan meant de boer deroerhinne", seit Dijkstra. Hy hat gjin eksakte sifers, mar tinkt dat der sa'n twahûndert kealtsjes yn it jier slachtoffer wurde fan de meanmasinen.

Sape Dijkstra - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ferslachjouwer Jantine Stoffers praat mei Sape Dijkstra

Yn de drone sit in waarmtebyldkamera. "Dy kamera lit hiel dúdlik sjen oft der sa'n kealtsje leit yn it hege gers en op dy manier kinne we se opspoare", fertelt dronepiloat Jasper Zwarts. It bêste is om moarns betiid it fjild yn te gean, om't dan it temperatuerferskil tusken de grûn en it kealtsje it grutst is.

Wannear't der in reekealtsje fûn is, wurdt der in markearring pleatst. Dêrnei wurdt it kealtsje fuorthelle. "Wy helje se der wei troch se oan te pakken mei in jutesek of in grutte toefe gers. We moatte foarkomme dat der minsklike geuren oan dat kealtsje komme. Dan ferpleatse we se nei in plak dêr't net meand wurdt, mei in soad skaad en net te fier fan it plak dêr't it kealtsje fûn is", leit Zwarts út. Op dy wize kin de mem it jong gau wer weromfine.

Dronepiloaten Jan Tsjerk Dijkstra en Jasper Zwarts lizze út hoe't it wurket

(Advertinsje)
(Advertinsje)