Trije Fryske assistint-skiedsrjochters nei Europeesk kampioenskip fuotbal

21 apr 2021 - 21:05

It wurdt in drokke simmer foar de Fryske assistint-skiedsrjochters Erwin Zeinstra, Jan de Vries en Hessel Steegstra. Sy binne nammentlik ferkeazen om te flagjen op it EK fuotbal EURO 2020. It Europeesk kampioenskip soe eins ferline jier al plakfine, mar troch de coronakrisis koe dat net trochgean. It fuotbaltoernoai wurdt yn ferskate lannen yn Europa hâlden.

Erwin Zeinstra - Foto: www.orange-pictures.nl

Erwin Zeinstra sit yn it team fan skiedsrjochter Björn Kuipers. De oare twa assistinten, Jan de Vries en Hessel Steegstra, sille mei skiedsrjochter Danny Makkelie nei it EK. Jan de Vries is de ferfanger fan de Ljouwerter Mario Diks, dy't koartlyn noch troch Makkelie oan de kant set is. Dat kaam troch in ynsidint mei stjerspiler Cristiano Ronaldo.

It Europeesk kampioenskip fuotbal begjint op 11 juny. In moanne letter, op 11 july, is de finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)