Eaststellingwerf krijt tydlike boargemaster nei fuortgean Harry Oosterman

21 apr 2021 - 19:55

De gemeente Eaststellingwerf krijt nei it fuortgean fan boargemaster Harry Oosterman in ynterim-boargemaster. Dat hat kommissaris fan de Kening Arno Brok ôfpraat mei de gemeenteried. Oosterman nimt op 1 augustus nei 16 jier ôfskied. De tydlike boargemaster bliuwt oant nei de gemeenteriedsferkiezingen fan maart 2022.

Foto: Gemeente Eaststellingwerf

Yn de tuskentiid sil de gemeenteried oan de gong mei in profylskets foar de nije boargemaster. It konsept moat op 22 maart fan takom jier, de dei fan de gemeenteriedsferkiezingen, klear wêze. Nei alle gedachten wurdt de waarnimmend boargemaster takom july presintearre.

Harry Oosterman makke yn desimber bekend op te hâlden as boargemaster. Syn termyn soe eins ôfrinne op 17 oktober 2023. "Ik meitsje graach romte foar in nije man as frou, dy't nije ympulzen jout om de maatskiplike útdagingen fan de takomst op te pakken en nei de ferkiezings fan 2022 mei in nije ried en nij kolleezje oan de slach giet", sei er yn desimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)