Eigener Ljouwerter sportsaak: geweldich sûnder beheinings iepen te kinnen

21 apr 2021 - 17:28

Einlik wie it safier: efkes flitterje, de hort op en winkel yn winkel út sûnder ôfspraak: ûndernimmers binne út de skroeven mei it nijs dat se wer wat frijheid krije yn dat wat se it leafste dogge: ûndernimme. Der bliuwt foarsichtichheid nedich, hielendal yn grutte saken dêr't wer in soad minsken nei binne meie. Lykas by Intersport Luxen yn Ljouwert.

Druk op IC en corona-afdelingen blijft hoog

Ek belange-organisaasjes binne foarsichtich tefreden mei de ferrommings. "Hier hebben we lang voor gepleit en ondernemers hebben eerder al bewezen dat ze met hun protocollen veilig en verantwoord open kunnen", seinen ûndernimmersorganisaasjes VNO-NCW en MKB-Nederland tsjin it ANP.

"De iennichste beheining is noch dat minsken bûten wachtsje moatte as it té drok wurdt. Wat dat oanbelanget nimme wy ús ferantwurdlikheid as ûndernimmers," seit Gerrit Jan Faber. Hy is eigener fan sportsaak Intersport Luxen.

By de sportsaak wurkje se mei in tagongskontrôle. "Wy meie 48 minsken binnen ha. Dat dogge we net, 25 oant 30 persoanen wurdt de maks. Wy wolle dat eltsenien ferantwurde nei binnen giet en wolle gjin besmettingen. It wurdt wol spannend, al ha wy der in soad nocht oan," stelt Faber.

'Broodnodig'

It 'frij winkeljen' is 'broodnodig' sa sjocht de ûndernimmer. "Der binne winkels dêr't it op ôfspraak winkeljen wol goed gie, lykas by ús, mar foar oaren is dit echt needsaak."

Gerrit Jan Faber hat in drege tiid efter de rêch mei syn saak en is dus hiel wiis dat de frijheid fan de klant wer wat weromkomt. "Efkes in praatsje bygelyks. Ik sjoch der echt ferskriklik nei út dat elkenien de winkel yn komt sûnder ôfspraak. Mar fansels wol op oardel meter ôfstân en mei in mûlkapke op."

(Advertinsje)
(Advertinsje)