Topfioeliste Simone Lamsma treedt op mei it NNO

21 apr 2021 - 16:59

Topfioeliste Simone Lamsma spilet tongersdeitejûn mei it Noord Nederlands Orkest yn Drachten. Sûnder publyk, mar Omrop Fryslân stjoert it konsert út. Troch de coronakrisis is der foar de gewoanwei drokbesette Lamsma ynienen romte foar spontane konserten sa as dizze.

Simone Lamsma treedt op mei it NNO

Yn De Oosterpoort yn Grins waard woansdei drok repetearre foar it konsert.

Simone Lamsma debutearre as 14-jierrige soliste by it NNO. Se heart ta de wrâldtop, en komt sa no dan nei it noarden werom om te spyljen mei it NNO. Se fielt noch altyd in bân. "Het is het orkest waar ik mee ben opgegroeid. Het is heel mooi om die herinneringen en die emotie te voelen als je dan weer terugkeert", seit Lamsma dy't oarspronklik út Burgum komt.

Harkje nei de reportaazje

Twa masterwurken fan Mozart en Sibelius steane sintraal by in konsert fan it Noord Nederlands Orkest op tongersdei 22 april. De Fryske topfioeliste Simone Lamsma solearret yn Mozart syn 'Konsert foar fioele en orkest no. 4'. Dêrnei liedt de Portugeeske dirigint Nuno Coelho 'De Fiifde Symfony' fan Sibelius.

It konsert is fan 20.00 oere ôf live te folgjen op telefyzje, en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)