Winst foar sikehuzen MCL en Tjongerschans yn 'pittich' coronajier

21 apr 2021 - 16:58

Sikehuzen MCL yn Ljouwert en Tjongerschans op It Hearrenfean hawwe it jier 2020 mei swarte sifers ôfsletten. Nettsjinsteande de ekstra druk op de soarch troch corona hie it MCL in posityf resultaat fan 11,5 miljoen euro. Dat is wat ek begrutte wie. Tjongerschans boekte in posityf resultaat fan 0,5 miljoen euro.

In sikehûsbêd - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Neffens it MCL hat it in 'pittich' coronajier achter de rêch, mar koe it 91 prosint fan de oarspronklik plande soarch leverje. Ek wie der in kompensaasjeregeling foar sikehuzen foar de ekstra soarch fanwege corona. Dêrmei koe it Ljouwerter sikehûs de begrutting rûn krije.

De beskieden winst fan Tjongerschans is in leger resultaat as dat begrutte wie. Dat komt troch de coronasoarch, seit de direksje fan it sikehûs. By it Feanster sikehûs koe de kompensaasjeregeling it tekoart troch de ekstra covid-soarch krekt net kompensearje. De direksje hopet noch op in finansjele regeling fan de soarchfersekerders.

"We schrijven gelukkig geen rode cijfers, maar het resultaat is eigenlijk te bescheiden", seit direkteur Jan Martin Wijnsma fan Tjongerschans. "Op basis van gesprekken met de zorgverzekeraars vertrouwen we erop dat we in goed overleg naar de financiële regeling kunnen kijken om de extra gemaakte kosten te compenseren. Het is onze maatschappelijke taak om de ziekenhuizen door deze periode te loodsen zodat we ook op de lange termijn in staat blijven om goede medisch specialistische zorg te bieden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)