Finzene 'dy't net fris rûkt' mishannelet bewaker yn Ljouwerter finzenis

Troch mei in glêzen teekopke yn in waskpûde om him hinne te swaaien, hat in man út Gelderlân in bewaker fan de finzenis yn Ljouwert mishannele. Dy rekke ferwûne oan de hân doe't er de pûde ôfwarre woe.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De finzene wie lilk om't de de bewarder fan De Marwei tsjin him sein hie dat er 'niet echt fris rook'. De bewarder ferklearre dat er by it rûnswaaien fan de pûde oan de holle rekke wie as er him net ferdigene hie. Neffens de rjochter koe in besykjen ta swiere mishanneling bewiisd wurde.
De detinearde, in man fan 32, krige in moanne selstraf ûnder betingst. De finzenismeiwurker krige in skeafergoeding fan 200 euro tawiisd.