FIDEO: Werom yn 'e tiid yn Langwar mei spesjale app

Net mei in tiidmasine, mar mei in spesjale app kinne minsken werom nei de njoggentjinde iuw yn Langwar. Mei dizze technyk wurde acht plakken yn it doarp ta libben brocht. Troch de kamera fan in telefoan of tablet fia de app op in lokaasje te rjochtsjen, komme der sprekkers yn byld en binne histoaryske foto's te sjen. De Vereniging Promotie Langweer hat dizze rûte makke om minsken mei te nimmen yn de histoarje fan it doarp.
Augmented Reality-rûte yn Langwar